In treinspoar oer de Ofslútdyk? Direksje Lelyline wol alle opsjes ûndersykje

© ANP

Al jierren wurdt der praat oer in nije spoarferbining tusken Amsterdam en Grins dy't oer Emmeloard, It Hearrenfean en Drachten rinne moat: de Lelyline. No wurdt ek de Ofslútdyk as mooglike alternative rûte neamd.

De projektorganisaasje fan de Lelyline sil de kommende moannen trije rûtes yngreven ûndersykje. It giet om in súdlike fariant fan Emmeloard oer Wolvegea en Assen en om in noardlik alternatyf giet oer Alkmaar, de Ofslútdyk en Ljouwert.

De provinsje Fryslân hat in dúdlike foarkar foar it orizjinele trasee, dus oer It Hearrenfean en Drachten. Mar deputearre Matthijs de Vries fan Ferkear fynt it in goede saak dat alle opsjes goed ûndersocht wurde.

Ferskate opsjes foar in rappere ferbining tusken Amsterdam en Grins wurde ûndersocht © Omrop Fryslân

"Yn dizze faze heart it derby dat we alle mooglikheden ferkenne", seit de ChristenUnie-deputearre. "In trasee oer de Ofslútdyk heart dêr ek by."

It betsjut net dat de provinsje de âlde rûte oer Drachten falle lit. "Foar ús is helder wat wy wolle: Drachten oan it spoar. Mar as je sa'n grut projekt realisearje wolle, dan hearre dêr spulregels by en dêr hâlde wy ús oan. Wy moatte dus ôfwachtsje wat der út it ûndersyk komt."

Matthijs de Vries © Hoge Noorden / Jacob van Essen

Direkteur Stijn Lechner fan de Lelyline fynt it ek belangryk dat alle opsjes ûndersocht wurde. "We willen de oude Zuiderzeelijnroute over Drachten en de twee alternatieven op een goede manier naast elkaar zetten, zodat we een goede afweging kunnen maken."

Net alle belutsen oerheden binne like wiis mei it ûndersyk nei de trije alternativen. "Het is voor sommige partners lastig om na te denken over een tracé over de Afsluitdijk of over het tracé over Wolvega en Assen, maar ze snappen dat het toch verstandig is om dit te doen", neffens Lechner.

In treinspoar oer de Ofslútdyk? Provinsje wol alle opsjes ûndersykje