Skilderij Redbad nei oardel moanne werom: "It klinkt as in film"

Histoarikus Mark Raat © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Histoarikus en Medemblikker Mark Raat is út de skroeven oer it weromfinen fan it skilderij fan de Fryske kening Redbad, dat begjin septimber stellen waard út it stedhûs yn Medemblik. "It fielde suver as hienen se it skilderij fan my stellen."

"Sa ha ik dat ûnderfûn", seit Raat. Hy die earder tegearre mei in kollega ûndersyk nei it portret fan Redbad. Hy hie op dy wize in bân mei it skilderij. "It is geweldich dat it no wer werom is."

Net ferwachte

Hy waard tiisdeitemoarn wekker en hearde it nijs. Hy hat him bot ynset om omtinken foar de stellerij te krijen. "Ik tink dat dat wol meiholpen hat. Ik hie dit net ferwachte, ik bin hjir hiel bliid mei. It is ferrassend dat se samar wer opdûkt binne."

In part fan it portret fan Redbad (opljochte) © Robert Gieling

It bliuwt in riedsel hoe't de skilderijen - it wiene der yn totaal seis - wer boppe wetter kommen binne. Ek foar Raat. "Ik ha begrepen dat se gewoan ôflevere binne. Achter de skermen sil der grif wol wat mear bard wêze. Yn elts gefal is it einresultaat wat dêr't we bliid mei wêze meie."

De skilderijen waarden, sa is it ferhaal, troch in ûnbekende man ôflevere by keunstdetektive Arthur Brand. Dy hat dat befêstige nei oanlieding fan in berjocht yn De Telegraaf. "Dat is it ferhaal, it heart in bytsje as wat dat yn in film barre kin. Ik ha gjin idee wat der no krekt bard is."

It skilderij yn it stedhûs yn Medemblik, noch foar't it meinommen waard © Mark Raat

Neffens Raat is fan de seis skilderijen it portret fan Redbad sûnder twivel de wichtichste. "Omdat it in net te leauwen grutte keunsthistoaryske wearde hat."

Learmomint

Hy hopet dat de gemeente Medemblik hjir ek fan leart. "Dat se dit oangripe om wat om it erfgoed fan de stêd te tinken. Dit mei fansels net nochris barre."

It skilderij fan de Fryske kening giet nei alle gedachten nei in restauraasje nei it Medemblikker kasteel.