Dei fan de Wite Stôk makket minsken bewust fan wêr't bline minsken tsjinoan rinne

Oerstekke of omgean mei obstakels op de dyk. Dat is foar blinen en minsken mei min sicht in hiele útdaging. Yn Harns koenen wethâlder en riedsleden, ûnder begelieding fan in groepke fisueel beheinden, ûnderfine hoe't dat is.
Dat barde yn it ramt fan de ynternasjonale dei fan de wite stôk op 16 oktober. Dêrby wurdt omtinken frege foar minsken dy't ôfhinklik binne fan in blinestok.
Se krije in bril op dy't simulearret wat de fisueel beheinden sjogge. Se begjinne by it stasjon en stekke de dyk oer. "It is in hiele gewaarwurding", seit wethâlder Hendrik Sijtsma. "Dat wat je net sjogge, wat wy wol sjogge, dêr rinne je no tsjinoan." Letterlik, want even letter rint Sijtsma de strûken yn dy't oer de stoep groeid binne. "Ik fyts hjir alle dagen del", seit Sijtsma. "Dan hast net yn de gaten dat it in behindering wêze kin foar ien."
Feilich fan A nei B
John de Boer is de inisjatyfnimmer fan de aksje yn Harns. Troch in auto-immuunsykte is syn eachsenuw oantaaste, en sjocht hy noch mar 2 prosint. Dat is bard yn 2012. Dêrfoar wurke hy by de tsjinst Iepenbiere Wurken (bestrjitting, lantearnpeallen en sa) fan de gemeente Harns. No rint hy dus mei in taast-stôk en in blinegeleidehûn.
Se hawwe de riedsleden fan Harns útnûge om sels ris te ûnderfinen hoe't it is om mei sa'n stôk en gjin sicht troch de stêd te bewegen. It doel fan de aksje is bewustwurding. "Dat de minsken minder hastich binne en de tiid nimme as wy mei de wite stôk oerstekke. Wy wolle gewoan feilich fan A nei B. Dat wol elkenien", leit De Boer út.

De Boer jout oan dat hy no bygelyks in soad hinder ûnderfynt fan alle graafwurk en kabels fanwege de oanlis fan glêsfezel. Syn geleidehûn is ûnmisber wannear't der in skilderssteiger op de stoep stiet. Of in frachtwein dy't oan it laden of lossen is.

Dizze aksje is de earste fan de nij oprjochte stjoergroep Toegankelijk Harlingen. Dizze stjoergroep krewearret foar in goed tagonklik Harns foar minsken mei in lichaamlike of fisuele beheining. Dêr moat mear bekendheid oan jûn wurde.
Ut ûndersyk fan de Oogvereniging docht bliken dat in soad fytsers en automobilisten net witte dat minsken mei in wite stôk foarrang hawwe by it oerstekken. Dêr wolle de aksjegroepen de minsken ek bewust fan meitsje.