Harns wol gjin fastfoodketen by in skoalle, mar kin it net samar keare

Nijbou fan de Maritieme Academie Harlingen © Omrop Fryslân

De wjerstân tsjin de komst fan in Burger King by Harns is grut, mar de komst fan de fastfoodketen opkeare kin net samar. It gemeentebestjoer is gjin foarstanner, mar is oan hannen en fuotten bûn.

Ferline jier waard bekend dat der mooglik in Burger King nei de havenstêd komme soe. It restaurant moat neist de N31 komme, as ûnderdiel fan in tankstasjon mei dêr in waskstrjitte en in kofjesaak by.

Mar de lokaasje leit ek deun njonken de nijbou fan Maritieme Academie Harlingen. "As je op it dak steane, kinne je derop spuie", seit direkteur Arjen Mintjes. Hy is net bepaald in foarstanner fan it restaurant. "De lokaasje hjir is perfoarst net winsklik."

Harns is der net wiis mei, mar in Burger King wol him by de stêd fêstigje

Earder spruts Mintjes him yn de gemeenteried al út tsjin de komst, krekt as húsdokters en de GGD. Dy binne benaud foar it effekt op langere termyn.

"Minsken bewege al fierstente min en dan wurdt dit iten je op in blêd oanrikt."

Oantrekkingskrêft

Mintjes sprekt ek út namme fan skoallemienskip Simon Vestdijk. Mintjes: "Dy ha 1100 bern om 'e hoeke. Dit is aanst tichterby as de supermerk."

Dy winkel hat ek oantrekkingskrêft op learlingen. Se komme dêr foar snobbersguod of lekkere broadsjes. Oaren pakke de fyts om nei de McDonald's te fytsen, krekt bûten Harns. En yn de binnenstêd sitte ek noch wol wat snackbars.

Mintjes sjocht dat ek. "Mar dat kinne je net foarkomme", fersuchtet er.

Omtinken foar sûn iten

Op de skoalle sels binne se drok dwaande mei sûn iten. "Dat besykje wy wol te learen", seit Mintjes. "Se ite hjir goed. Mar as je rjocht foar ús gebou oer in fastfoodketen delsette, kinst hast net foarkomme dat se dêrhinne rinne."

Mintjes wol dan ek dat de gemeenteried him útspekt tsjin de komst fan de Burger King. "De gemeente kin dit opkeare."

Arjen Mintjes, direkteur Maritieme Academie. © Omrop Fryslân

Mar sa maklik is it net, seit wethâlder Erik de Groot: "Dat zal heel ingewikkeld worden. Als je alles optelt en aftrekt kom je tot de conclusie: dit moet je niet willen."

Dêrmei is net alles sein. Want it giet om in ferhuzing fan in tankstasjon. Dy wol ferpleatse en de gemeente wol de bestimming fan de âlde lokaasje feroarje.

"Als de ondernemer dan met een plan komt, moet je daar naar kijken en dat beoordelen. Het gaat hier om horeca, dus moet je dat planologisch regelen."

Stap nei de rjochter

In wetlike basis hat De Groot net. Dy komt yn de takomst wol: "Via de nieuwe Omgevingswet. Dat is alleen een procedure die lang loopt."

De Groot tinkt dat de saak foar de rjochter einiget. "We hebben hier vrije vestiging en een vrij ondernemersklimaat. Je kunt dat hier in Harlingen dan alleen regelen via het ruimtelijke aspect, dus mogelijke overlast. Hoe er ook besloten wordt, er zullen straks partijen zijn die teleurgesteld zijn."

De EG Group is inisjatyfnimmer fan de plannen. Omrop Fryslân hat dizze ynvestearringsmaatskippij nei in reaksje frege, mar der is gjin antwurd kaam op de fragen.