Cambuur Sjoernaal: Henk de Jong is gjin tovener

© Orange Pictures

De earste wedstriid fan Cambuur ûnder lieding fan Henk de Jong hat gjin sukses opsmiten. De Ljouwerters ferlearen de thúswedstriid tsjin NAC Breda mei 3-2.

De earste helte fan Cambuur wie striemin: de ûndergrins waard berikt en NAC Breda profitearre troch in 3-0 foarsprong te nimmen. De twadde helte brocht mear. Yn alle gefallen mear spektakel, mei Cambuur dat de beskiedenheid fan him ôfspile.

It wie net genôch, mar it jout dochs wer wat in better gefoel foar de takomst.

Alles oer Cambuur - NAC Breda yn it Cambuur Sjoernaal:

Cambuur Sjoernaal: Henk de Jong is gjin tovenaar