112-nijs fan 16 oktober: Gjin treinen tusken It Hearrenfean en Wolvegea | Fjoerwurkhanneler hat koart lontsje
Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Oanriding op it spoar
Tusken It Hearrenfean en Wolvegea ride op it stuit gjin treinen fanwegen in oanriding op it spoar. Dat meldt de NS. De ferwachting is dat der yn elk gefal oant 23.30 oere gjin treinen oer it spoar kinne. Der ride bussen tusken It Hearrenfean en Wolvegea.
Frijspraak foar jager dy't twa rotguozzen deaskeat
In 59-jierrige jager fan De Westhoek is frijsprutsen fan it mei opsetsin deasjitten fan twa rotguozzen, in beskerme ynlânske bistesoarte.
Ein oktober 2020 hie de fertochte op in perseel yn de buert fan Sint Jabik de twa guozzen sketten, mei ien kûgel. Hy soe him rjochte hawwe op in skiere goes, mar dy miste er troch in ôfwiking yn it fizier. In tsjûge dy't dwaande wie mei in fûgeltelling seach it barren.
De man rekke syn jachtakte kwyt. De offisier fan justysje fûn dat der sprutsen wurde koe fan 'voorwaardelijke opzet'. Hy easke in boete fan 400 euro.
De rjochter wie der net fan oertsjûge dat it mei opsetsin barde, en spruts de fertochte ek frij fan 'voorwaardelijke opzet'. Dat betsjut dat de man nei 2,5 jier nei alle gedachten syn jachtakte wer weromkrijt en wer it lân yn mei om te jeien.
Fjoerwurkhanneler hat koart lontsje
In 62-jierrige fjoerwurkhanneler fan De Lemmer hat in jildboete krigen fanwegen it misledigjen fan in amtner fan de FUMO (Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing).
De FUMO hâldt tasicht op de opslach fan de man. De Lemster fielde him troch de ynstânsje as in krimineel behannele, om't der yn 2022 in ûnregelmjitichheid konstatearre waard. Doe't de man frege om in foto as bewiis, krige hy dy net.
De Lemster makke de minsken by de FUMO út foar 'achterlijke mongolen, sukkels, NSB'ers, arrogante kwallen en viezeriken'. Se soenen gjin respekt hawwe foar ûndernimmers.
De rjochter fûn dat it de Lemster wie dy't respektleas hannele en lei in jildboete op fan 300 euro en 500 euro ûnder betingst.

Drokte by GGD-lokaasjes
It is tige drok op de faksinaasjelokaasjes, seit GGD Fryslân. De wachttiden rinne dêrtroch op. De GGD seit dat dat komt troch minsken dy't sûnder ôfspraak komme of minsken mei ôfspraak dy't fiersten te betiid komme.
"Er is geen vrije inloop", skriuwt GGD Fryslân op X (earder Twitter). Der wurdt oproppen om earst in ôfspraak te meitsjen. GGD Fryslân hat op it stuit in lokaasje yn Ljouwert en yn Drachten.
Kontenerbrân yn Drachten
Yn de nacht fan snein op moandei is de brânwacht fan Drachten om twa oere hinne oproppen foar in wenningbrân oan de Langewyk. Foar de wissichheid waard opskaald nei middelbrân, letter is wer ôfskaald nei lytse brân.
Der stienen konteners yn de brân, de bewenners hawwe earst sels besocht te blussen. De brânwacht hat it blussen ôfmakke. In skutting en in part fan in hokje binne skansearre troch de brân.
