Fyftjin minuten yn de earste helte nekke Cambuur: "We moeten met meer bravoure spelen"

Sportklup Cambuur ferlear sneintemiddei mei 2-3 fan NAC Breda en dat kaam troch it lêste kertier fan de earste helte. Cambuurspiler Michael Breij wol en kin dêr nei de wedstriid net omhinne: "Dit is een zware avond. De eerste helft was weer kut, ja."
Mei dy konklúzje is syn trainer it iens. "De earste helte ha wy de wedstriid ferlern, dat is dúdlik. Hoe't we de 0-2 en 0-3 tsjin krije, dêr sjochst in ploech dy't al in pear kear ferlern hat. De jonges wurde dan in bytsje bang en dan giet it sa", fertelt Henk de Jong nei ôfrin.
De twadde helte wie in stik better seach De Jong: "We ha wat wiksele yn it skoft, mar ik ha gjin rare dingen sein of sa. Dat koe ik net meitsje nei dy jonges ta. Dy ha ek in gekke wike hân en dêrfoar trije kear ferlern. Mar klear, yn de twadde helte ha we it goed dien. Doe ha we neat mear fuortjûn en dat mei in pear fan dy jonge mantsjes deryn", wiist de trainer ûnder oare op debutanten Marcel Schaapman en Chima Anyasi.
'Puntje verdiend'
"Na de 0-1 zie je een ploeg met angst. Een ploeg die denkt 'shit, daar gaan we weer'. Dat is zo zonde, want in de tweede helft hebben we gestreden", wiist ek middenfjilder Breij op it grutte ferskil foar en nei it skoft.
"In de rust heeft de trainer gezegd, dit gaan we de tweede helft niet weer doen. Gas erop, ga maar wat opportunistischer spelen en zorg dat je het publiek meekrijgt. Dat is wel goed gelukt", seit de man dy't de 1-3 en 2-3 makke. "Je had hier wel een puntje verdiend denk ik."
Breij sjocht de twadde helte as foarbyld hoe't it wol moat: "De tweede helft zie je wat we kunnen. Daar geven we zoveel gas, als we dat vanaf minuut één doen kun je tegenstanders echt oprollen. De lat moet gewoon hoger, we moeten met meer bravoure gaan spelen.""