Akteur Jan Arendz oer minne tiid: "Marijke skuorde my dertrochhinne"

Akteur Jan Arendz wie kapot fan de besunigings op de kultuersektor, mear as tsien jier lyn. Mar it is úteinlik goedkaam. "Marijke skuorde my dertrochhinne."
Jan en syn frou Marijke Geertsma rjochten har eigen teäterselskip op. 'Fêste Grûn' giet takom wike yn premjêre.
Jan Arendz draait al wer hiel wat jierren mei. Yn syn lange karriêre foar toaniel en film hat er oer de hûndert premjêres meimakke, sa rûst er sels. Op 20 oktober komt dêr noch ien by: dy fan harren nije stik 'Fêste Grûn'.
Ien opmerklik foarfal by in premjêre is Jan altyd bybleaun. Hy hie in roltsje yn de film 'Nynke' fan Pieter Verhoeff.
Op de dei fan de feestlike earste fertoaning yn Ljouwert krige er te hearren dat syn oanpart sneuvele wie op de snijtafel. Hy wie derút knipt en dat hiene se fergetten him te fertellen. Jan is dêr no net mear lilk om, want sokke dingen kinne foarkomme.

Kontakt mei publyk

Oer publike belangstelling hat er net te kleien. De foarstelling 'Fêste Grûn' is al op 45 plakken boekt. Soms belje meiwurkers fan skouboargen sels op om te freegjen oft der ek in nij stik oankomt. Sy wolle graach de premjêre hawwe.
Foar it jild hoege Jan en Marijke it net te dwaan, want se binne al mei pensjoen. De foarstellings hâlde se bewust lytsskalich. "We hoege der net oan te fertsjinjen, mar it moat ús ek gjin jild kostje."
Jan fynt it kontakt mei it publyk nei de foarstelling wichtich. Se gean noait fuortendaliks nei hûs ta. Fier fuort spylje mei in grut lanlik teäterselskip liket him dêrom neat. Dan stiet der nei de foarstelling in bus klear dy't dy wer nei hûs ta bringt. Kinst net eefkes lekker neiprate mei it publyk.

Earste 'rol': Anquetil

Jan groeide op 'op Jeth', in útbuorren tusken Mantgum en Britswert. Syn heit wie boer. Jan moast op de fyts nei de middelbere skoalle yn Snits en hat dêr in glûpende hekel oan fytsen oan oerhâlden.
Altyd yn de wyn. Moarns koe er wol mei de groep fan alle skoalbern opfytse. Mar om't er de iennige wie op de hbs, moast er middeis altyd allinnich weromfytse. Hy die dan krekt as wie er Anquetil, in ferneamde hurdfytser yn dy tiid. Eins spile er doe al in soart rol.
Syn dream wie it om akteur te wurden. Hy woe en wol ek altyd witte wa't de regisseur is. Grutte argewaasje hat er as besikers yn de bioskoop de seal út rinne ûnder de ôftiteling fan in film.

Wykeinmelker

Arendz hat in skoft wykeinmelker west by in omke fan him yn Húns. Op in dei stelde syn heit him dé fraach: "Jan, ik freegje it dy ien kear en dêrnei noait wer: Wolst do boer wurde?"
Jan sei nee. It wie de tiid fan skaalfergrutting yn de lânbou. Boeren moasten lisboksstâlen bouwe litte as it boerebedriuw takomst hawwe woe. Syn heit woe witte wêr't er oan ta wie en dat wist er doe.
Nei de middelbere skoalle wurke Jan as röntgenlaborant yn in sikehûs yn Ljouwert. Letter die er de Pedagogyske Akademy om ûnderwizer te wurden. Hy krige in duobaan op in skoalle yn Ljouwert. Syn kollega wie Jacques Tichelaar dy't lanlik bekend wurde soe as politikus en kommissaris fan de Keninginne yn Drinte.
Jan Arendz en Marijke Geertsma © Omrop Fryslân, René Koster
Yn de jierren '70 kaam Jan by it Fryske teäterselskip Tryater yn de kunde mei Marijke Geertsma. It wie net fuortendaliks dik oan. It moast groeie en dat die it. Nei 40 jier binne se noch altyd byinoar. "Wy hawwe itselde doel yn it libben", seit Jan.
Nei't Jan en Marijke beide by Tryater weirekken omreden fan besunigingen, rjochten se yn 2013 JM Teaterwurk op. Sels spilen se de rôlen yn de stikken, somtiden mei gasten derby. It binne ôfwikseljend serieuze stikken en mear flauwekulstikken, sa't Jan it sels omskriuwt.

Dy lange mei dat wite hier

Arendz hat ferskate rollen hân yn films. 'De Dream' fan Pieter Verhoeff wie de earste kear dat er foar de filmkamera's stie. Letter hat meispile yn 'De Vuurtoren.' ek fan Verhoeff, en yn de al earder neamde film 'Nynke'. Fierders die ek mei oan 'De Fûke' en 'De Hel fan '63' fan regisseur Steven de Jong.
Naturel spyje giet him troch de jierren hinne hieltyd makliker ôf, fynt Jan. Do moatst net yn de hûd krûpe fan in oar, want do bist altyd dysels. Moatst it personaazje by dysels nei binnen lûke. Dan is it net mear 'spyljen', it is 'wêzen'. "Ik bliuw altyd dy lange mei dat wite hier, wat ik ek spylje".
Syn grutte foarbyld Donald Sutherland spilet like maklik in sympatyk persoan as in rotsak. Mar it is noch wol altyd Donald Sutherland.

Kultuerôfbraak

De grutte besuninging op de kultuersektor troch steatssekretaris Halbe Zijlstra yn 2010 trof Jan as in mokerslach. Hy wie der kapot fan. By Tryater moasten der minsken út. Jan en Marijke ferlearen beide harren fêste baan. It wie in drege tiid. Jan: "Marijke hat my dertrochhinne skuord."
It pynlike fan it ûntslach is boppedat dat sy Tryater mei grut makke hawwe. Doe't se by Tryater weirekken, wiene se noch net mei pensjoen. "Marijke sei: 'We fine wol wer wat'. Doe binne we foar ússels begûn. No binne we bliid mei hoe't it giet."
Jan tinkt net dat er him no noch thúsfiele soe by Tryater.

Fêste Grûn

Jan en Marijke komme dus mei wer in nije foarstelling. 'Fêste Grûn' is in Fryske bewurking fan it Nederlânske stik 'Grond'.
It is in leafdesferhaal om oer nei te tinken. Net swier op de hân, sa karakterisearrret Jan it stik. Sels spylje se, lykas yn al harren stikken, de haadrollen. Gastgitarist Eddie Mulder is de tredde persoan.
'Fêste Grûn' giet op freed 20 oktober yn premjêre yn it Posthuistheater op It Hearrenfean. Dy woansdei dêrfoar, op 18 oktober, is de try-out yn itselde teäter. Jan fynt de try-out eins noch spannender as de premjêre, want dat is de alderearste kear dat de minsken it stik sjogge.

Muzyk fan Jan Arendz

Artyst Titel
Peter Koelewijn Kom van dat dak af
Robert Long Mien
Cees Bijlstra De Dream
Eddie Mulder Butterflies
Johnny Cash We'll meet again