Help foar froulju yn de betide oergong: "Ik fielde my in âlde frou yn in jong lichem"

Willeke Dikland © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Opfleaners, nachts switte, stimmingswiksels: it binne mar in pear fan de klachten dêr't froulju fan middelbere âldens mei te krijen ha as se yn de oergong komme. Mar 1 op de 100 froulju hat der al folle earder lêst fan, al ûnder de 40 jier.
Dat hjit Primaire Ovariële Insufficiëntie (POI), oftewol: betide oergong. It oerkaam ek Willeke Dikland fan Menaam. Doe't se de diagnoaze krige, stoarte har wrâld yn.
Mar yntusken helpt se oare froulju dy't itselde meimeitsje. En sy freget omtinken foar dizze fergetten groep froulju.

Bernewinsk

Willeke hat altyd in grutte bernewinsk hân. Har hiele libben ferwachte Willeke dat se mem wurde soe. Mar sy rekke net yn ferwachting, ek al hopen sy en har man dêr sa op. En in fruchtberensbehanneling sloech net oan.
Dat wylst Willeke wol hieltyd mear fage klachten krige, lykas opfleaners, switte en min sliepe. Uteinlik resultearre it yn in diagnoaze: sy siet yn de betide oergong, op har 34e.
As ik yn de spegel seach, dan seach ik in jonge frou. Mar ik fielde my in âlde frou yn in jong lichem.
Willeke Dikland oer de betide oergong
Willeke wist net mear wêr't sy by hearde. "Ik fielde my in âlde frou yn in jong lichem", sa fertelt se. Aldere froulike kollega's op har wurk grapten mei-inoar dat se wer in opfleaner hiene.
Willeke hie se ek, mar sy woe hielendal net by de groep âldere froulju hearre. Sy wie noch jong. Willeke fielde har ferfrjemde fan de minsken om har hinne en dat makke dat se har hiel iensum fielde.
Willeke Dikland © Hippe Kiek Fotografie
Willeke rekke yn in depresje. "Ik fielde my tekoartsjitten as frou", seit se. "It koe my allegearre net mear skele."
Tagelyk sei in stim yn har dat se trochgean moast. Se socht help en kaam úteinlik by in azemterapeut terjochte. De azemtechniken holpen har der wer boppe-op en se learden har it fertriet te akseptearjen.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
No hat Willeke har leven wer op de rit, en se fielt har frouliker as ea. Willeke helpt no froulju dy't itselde meimeitsje. Se snapt as gjin oar wêr't dizze froulju trochhinne geane. Ut har eigen ûnderfingen wei begeliedt se oaren yn it omgean mei in betide oergong.
Harkje hjir nei it ferhaal fan Willeke Dikland