Roelof Kingma fan Ternaard werom út Israel: "De situaasje wie bizar"

Roelof Kingma en syn reisgenoaten © Roelof Kingma
It is lang om let slagge: Roelof Kingma fan Ternaard is werom út Israel. Dat soe eins ferline wike sneon al, mar troch de oarloch tusken Hamas en Israel wie dat net mooglik.
Kingma en twa reisgenoaten koenen by freonen terjochte op 30 kilometer fan Tel Aviv. Dêrwei besocht de groep fia it ministearje fan Bûtenlânske Saken in flecht nei Nederlân te regeljen, mar de kommunikaasje ferrûn hiel stroef.

Checkpoints

Freed slagge it úteinlik om út Israel wei te kommen. "Ien fan myn reisgenoaten wie in bline frou en sy hat in freon yn Nederlân, dy't alles út de kast helle hat. Op in gegeven momint sieten wy allegear om in telefoan en úteinlik wie it safier dat de paspoarten en de paspoartnûmers en de BSN-nûmer boppe tafel komme moasten."
Noch dyselde dei koenen Kingma en syn reisgenoaten mei. Se moasten om 12.00 oere op fleanfjild Ben Gurion wêze, mar it wie yntusken al 11.00 oere. "Yn teory koenen we der binnen in healoere wêze, mar de koffers moasten noch pakt wurde en we moasten noch twa checkpoints foarby."
"It earste checkpoint gie goed", giet Kingma fierder. "De soldaten dy't dêr stienen, koenen de bewenner. Mar by it twadde checkpoint ha we in kertier stilstien. Alles mei in oar paspoart moast earst kontrolearre wurde."

Twa soarten bommen

Krekt op tiid kaam Kingma oan en koe hy werom nei Nederlân. Dêr is hy wol ferromme oer, want de situaasje dêr neamt er 'bizar'. "Leist nachts yn dyn bêd, dan hearst twa soarten lûden: in inkelde bom of in repetearjende bom. By in inkelde bom is in raket ynslein en by in repetearjende bom witst dat it it loftôfwargeskut is,"
Gauris moast Kingma nei in saneamde saveroom, in ferstevige romte yn de wenning. "Eltsenien wit datst oardel minút hast om dêr te kommen as it loftalaarm ôfgiet."