HEA! Mei de Fryske Joffers op 'en paad

HEA! De Fryske Joffers
De Fryske Joffers fan Frjentsjer is in groep froulju fan boppe de 50 jier dy't it bêste út it libben helje wol. Se dogge allinnich mar leuke en gesellige dingen. Dizze kear sille se te preamfarren.
De joffers hearre by de Red Hat Society en dat fenomeen is oerwaaid út Amearika wei. Alles wat se mei dizze groep dogge, hiene se allinnich net dien. Dat en it ferklaaien yn harren opfallende read-pearze klean makket it allegearre ekstra moai.