Dit michje ferspriedt blautonge ûnder fee, mei sykte en dea as gefolch

In gnobsoarte © Shutterstock (Tomasz Klejdysz)
Lytse michjes dy't soargje foar deade skiep en besmet fee. Haadferantwurdliken binne gnobmichjes (knutten), mar neffens ynsektesaakkundige Peter Koomen hat de mins der ek in hantsje yn.
Gnobben binne lytse michjes dy't besibbe binne oan neefkes. Se hawwe kraalsnoerfoarmige fielers en wurde ek wol gnodden of gnobmichjes neamd. Se binne der yn prinsipe altyd, ek yn Nederlân. Ut en troch soargje se foar problemen.
Michjes kinne firussen oerdrage, gnobben drage op it stuit it blautongefirus oer tusken wjerkôgers. Saakkundige Koomen fan Natuurmuseum Fryslân leit út hoe't dat krekt yn syn wurk giet.
"Als knutten prikken, dan brengen ze wat speeksel in om te zorgen dat dat goed gaat. Daardoor verwijden de vaatjes rond de steek ook, zodat er meer bloed naartoe kan, dat werkt even verdovend", leit Koomen út. "Daarna gaat het lichaam reageren. In het proces kan ook een virus ingebracht worden."
Peter Koomen © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Mar firussen oerdrage dogge se net mei sin: "Ze hebben bloed nodig om eieren te leggen." It firus komt dan ek net by de gnobben wei, mar fan in oare drager fan it firus, in oar bist. It blautongefirus is net besmetlik fan bist op bist.
Benammen skiep hawwe in grutte kâns om siik te wurden of te ferstjerren nei in besmetting. Dat it firus no om him hinne grypt, komt mei troch it seizoen, mar is ek wat ús eigen skuld, mient Koomen. Wy biede it gnobmichje syn iten "op een presenteerblaadje" oan.
"We hebben grote hoeveelheden dieren op een hoop staan. Eén mug en de juiste windvlaag en het is mis."
Skiep mei blautonge yn Lippenhuzen © Omrop Fryslân
Dat it firus him ferspriedt komt trochdat de michjes somtiden bloed helje by meardere bisten. Sa komt it firus fan it iene nei it oare bist. "Als er maar twee meter tussen de dieren zit, is die kans groot. Bij een kilometer wordt het al veel lastiger."

Rol fan it waar

Mar wat kinst dan dwaan tsjin gnobmichjes? De tagong ta de stâl ûnmooglik meitsje is neffens Koomen hast net te dwaan.
"Het zijn maar zulke kleine beestjes. Je kunt er wel voor zorgen dat er in dakgoten geen water blijft staan, dat er geen plasjes water staan. Je moet zorgen dat je stilstaand water vermijdt." Op dat soarte fan plakken lizze de michjes aikes.
In oare faktor dy't soargje kin dat it tal besmettingen weromrint is it waar. "Als het kouder wordt zijn ze minder actief. In een warme stal hebben ze daar geen last van, maar ze zullen toch naar buiten moeten om eitjes te leggen."
Reinwaar © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Koomen doart noch net te sizzen wannear't de omstannichheden echt minder geunstich wurde sille foar de michjes. Wol wurdt it de kommende tiid kâlder waar en dat kin helpe.
"Op den duur wel, na een paar dagen nachtvorst. Maar een paar graden boven nul overleven ze over het algemeen wel."