Oekraynske skoalbern sette thúslân yn it sintsje: "Hun hart zit nog steeds daar"

© Omroep Leeuwarden, Ilona de Vries
De Oekraynske basisskoalle yn Ljouwert fierde freed feest. It thúslân fan de learlingen waard yn it sintsje set en de skoalle krige in nije namme.
Ferspraat oer fjouwer klassen krije sechtich bern dy't út Oekraïne flechte binne, les. Foarhinne op twa lokaasjes, mar sûnt begjin dit skoaljier op ien plak. Nammentlik yn it gebou fan IKC De Weide.

De Zonnebloem

Dêr is foar keazen om't de learlingen foarearst yn Nederlân bliuwe en der ek nije bern by komme. Omdat it om in nije lokaasje giet, is der ek keazen foar in nije namme: De Zonnebloem.
Direkteur Ineke Klappe: "De zonnebloem is een symbool van Oekraïne. Een prachtige bloem die zich keert naar de zon. En dat wensen we deze kinderen ook toe: zie ondanks alles het mooie in de wereld."

Thús

De namme waard bekend makke by de ôfsluting fan de Berneboekewike. It tema wie 'Bij mij thuis'. Reden te mear om it thúslân fan de bern yn it sintsje te setten, seit Klappe. Sa hingje der foto's fan it lân yn de skoalle, mar ek tradisjonele Oekraynske dracht en sûvenirs.
"Het is hun thuis", seit Klappe. "Daar zijn ze geboren. Daar zit soms papa nog. Opa en oma zitten er soms. Veel kinderen zijn met mama deze kant op gevlucht. Hun hart zit nog steeds in Oekraïne. Kinderen zijn trots op hun land en willen laten zien dat het meer is dan een land in oorlog."