Bern faker de dupe fan tekoart oan logopedisten: "Effekt taalefterstân wurdt ûnderskat"

De Taaltrein yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
It tal bern mei slimme sprek- of taalproblemen yn Fryslân wurdt hieltyd grutter. Dat hat alles te krijen mei it tekoart oan logopedisten en de lege finansjele fergoedingen dy't logopedisten krije. Underwilens rinne wachtlisten op en wurde mear en mear bern de dupe.
"Dit gaat echt niet goed", seit Anneke Pape, haad fan it Audiologisch Centrum by it UMCG yn Grins. Hieltyd faker sjocht sy op har ôfdieling bern binnenkommen dy't fierstente lang wachtsje moatte op logopedyske soarch en dêrtroch grutte efterstannen oprinne.
De bern dy't yn Grins ûndersocht wurde, hawwe te krijen mei swiere sprek- en taalproblemen. "En dat is geen licht traject", seit Pape. Audiologyske sintra lykas dy yn Grins ûntfange benammen bern tusken de twa en trije jier. "Het gaat om kinderen met een complexe vraagstelling in hun communicatieve ontwikkeling."

Gjin behanneling

De periode tusken twa en fjouwer jier is in wichtige ûntwikkelingsfaze foar it bern, seit Pape. Wat earder oft begûn wurdt mei logopedyske behanneling in dy faze, wat grutter de kâns op sukses. En dêr wringt it no just, neffens Pape. "Daar missen we nu kostbare tijd."
"Een half jaar na de eerste onderzoeken komen kinderen terug voor een controle. Wat we nu merken is dat ze vaak nog geen logopedische behandeling gehad hebben, of er maar één of twee keer zijn geweest." Dêrtroch komt de ûntwikkeling stil te stean en wurde de problemen allinnich mar grutter.
Anneke Pape fan it UMCG © Omrop Fryslân
It is it ferhaal fan in sektor dy't suver op klappen stiet. Logopedisten, (orto)pedagogen, dokters, soarchlokaasjes; oeral wurdt sprutsen fan in enoarm probleem. Want just dêr wêr't de behanneling begjint, liket in oplossing fier fuort.

Praktykhâldende logopedisten

Marije Dijkstra fan De Lemmer wurket sûnt 2017 as logopedist yn de earste liny. Har dream is útkaam, want se hat in eigen praktyk iepene. "Logopedy is gewoan in hiel wichtich en moai fak", seit se.
Logopedisten binne nedich by eltse foarm fan kommunikaasje, leit Dijkstra út. "Al tinke in soad minsken dat wy allinne mar in bytsje helpe mei de útspraak fan de 'R'-kes en de 'S'-kes."
Marije Dijkstra by har praktyk yn IKC Sint Jozef op De Lemmer © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De passy strielt der by Dijkstra fanôf, mar it is net altyd sinneskynwaar. Se moast troch in grodzemods fan oanmeldingsprosedueres by ferskate fersekerders hinne om de praktyk op te starten.
Ek falle fergoedingen yn de hiele sektor bot ôf. It gefolch is dat praktykhâlders dermei ophâlde en wachtlisten hieltyd langer wurde. It is in lanlik probleem, dat ek yn Fryslân dúdlik spilet.
In soad logopedisten binne machteleas.
Logopedist Heidi Salverda
"Wy binne al mear as tweintich jier logopedisten. Eartiids wiene minsken hiel bliid mei it wurk", seit logopediste Heidi Salverda, dy't ferskate praktiken hat yn Fryslân.
Mar sy fernimt dat de wurkwille by selsstannich wurkjende logopedisten hurd tebekrint. "No bliuwe fakatueres mear as in jier iepen. Praktykhâlders moatte har oer de kop wurkje."

Underbetelle troch fersekerders

Der is amper groei yn de tariven, seit Salverda: "As in klant útfalt, betellet de fersekerder net. Hoe kinne je dan in stabyl bedriuw opsette? Wy hawwe alris op it punt stien om gjin akkoart te tekenjen by de fersekerder, mar dan hawwe je neat. In soad logopedisten binne mismoedich en tekenje mar, want it hat dochs gjin sin."
Yn de logopedy wurdt sprutsen fan ferskate soarchlinys. De earste liny bestiet út de praktykhâlders: logopedisten dêr't je terjochte kinne mei in helpfraach.
By slimmere problemen wurde minsken trochferwiisd nei de twadde liny. Dat binne ûndersyksintra fan bygelyks Pento of it UMCG.
De tredde liny wurdt foarme troch spesjalistyske behannelingen om taalûntwikkelingsfersteuringen te behanneljen, lykas de Taaltrein fan Kentalis.
Fersekerder De Friesland werkent de finansjele soargen, mar heakket der oan ta dat dit ek jildt foar psychologen, fysioterapeuten, ensafuorthinne. "Het is altijd een strijd tussen zorgaanbieders en verzekeraars", seit wurdfierder Rob Propsma.
"Wij denken dat logopedisten nu een goed uurtarief krijgen. Er is geen extra geld beschikbaar voor preventie bij zorgverzekeraars. Dat krijgen we niet van de overheid."
Soarchfersekerder De Friesland © ANP
De diskusje oer fergoedingen rint heech op, it hat sels ta in wiidweidige proseduere laat. Ut ûnôfhinklik ûndersyk fan Gupta docht bliken dat logopedisten yn de earste liny sa'n 25 persint ûnderbetelle wurde yn ferhâlding ta de praktykkosten.
Fersekerders joegen oan it ûndersyk serieus te nimmen. Mar omdat der neat feroare yn de tariven, spanden logopedisten in rjochtsaak oan tsjin fersekerders. De rjochter stelde de fersekerders yn it gelyk, omdat der gjin konkrete tasizzing dien is om de tariven te ferheegjen.

Previnsje

De fersekerders hawwe wol ôfpraat dat der yngreven feroare wurde moat yn de soarchsektor. "Op deze manier wordt het onbetaalbaar", seit Propsma. De Friesland wol bygelyks dat bepaalde preventive soarchtaken nei de gemeente gean.
Dat barde al, seit Salverda: "Mar dat is fuortbesunige, want gemeenten hawwe al in soad muoite om dingen te bekostigjen foar bern."
Je voelt je eenzaam en het werken wordt minimaal beloond.
Ien fan de reaksjes op in enkête ûnder Fryske logopedisten
Dat de soargen breder droegen wurde, docht bliken út rûnfraach fan Omrop Fryslân en in enkête fan de NVLF (Nederlandse Vereniging voor Logopedie en Foniatrie) ûnder Fryske logopedisten.
Sa seit in respondint: "Je bent veel tijd kwijt en er is weinig betaalde tijd. Je hebt geen collega's om je heen, voelt je eenzaam en het werken wordt minimaal beloond."

'Underskat probleem'

Ek jouwe praktykhâlders dy't dermei ophâlde oan gjin wille mear te hawwen yn it wurk. "Er komen steeds meer regeltjes bij, er is meer administratielast en dat staat niet in verhouding tot de beloning."
Nije logopedisten binne dreech te finen. "Er heerst teleurstelling na het afstuderen. Werken binnen de eerste lijn valt tegen door een te hoge werkdruk."
Mei as gefolch dat der lange wachtlisten binne en in kwetsbere groep bern lang wachtsje moat op soarch. "Dat giet om bern ûnder de fjouwer jier dy't in jier lang gjin soarch krije kinne", seit Salverda.
Dizze sifers binne basearre op in ûndersyk fan de NVLF. Dêryn reagearren 31 logopedisten út Fryslân op in enkête, dy't mei ferspraat waard op oantrúnjen fan Omrop Fryslân.
Mar is it in probleem dat bern letter behannele wurde? "As in bern fan twa jier âld foar langere tiid omrint mei problemen, wurdt de kommunikaasjeneed grutter", seit logopedist Hiltje Muller fan it Audiologisch Centrum Pento Ljouwert. Ek dêr fernimme se dat de wachtlist langer wurdt.
"Der wurdt ûnderskat wat de byeffekten fan in taalefterstân op langere termyn binne", seit sy.
By slimme sprek- en taalproblematyk wurdt sprutsen fan in taalûntwikkelingsfersteuring (TOS). De wrâld is ynrjochte op kommunikaasje, dus problemen mei taal kinne grutte beheiningen foarmje.
It kin bygelyks liede ta eangststeuringen, depresjes en ferkearde diagnostisearringen fan autisme of ADHD.
In taalûntwikkelingsfersteuring komt faker foar as ADHD © Omrop Fryslân
"Ook tussen ouder en kind gaat de relatie soms niet goed", seit Pape. "Kinderen worden boos door communicatieproblemen, ze begrijpen elkaar en hun ouders niet. Dat gaat ten koste van de sociale en emotionele ontwikkeling."
"Dan is er sprake van ernstige problemen, waardoor je op zoek moet naar een behandeling die eigenlijk intensiever is dan wat je in eerste instantie had gedacht. Met de bijkomende kosten."
Minister Ernst Kuipers fan Folkssûnens joech yn in reaksje op Keamerfragen oan de soargen yn de logopedy serieus te nimmen. Oer de hiele soarch wol de minister de regeldruk oanpakke en de ynkeap- en ferantwurdingseasken by eltse fersekerder lykstrike.
Yn oerlis mei de NVLF wurde plannen makke om de administrative lêst te ferminderjen, sadat logopedisten mear tiid hawwe foar pasjinten.
Situaasjes sa't Pape dy sketst, hawwe ta gefolch dat mear bern djoere soarch nedich hawwe, wylst dat foar te kommen wie.
In behanneling fan bern mei in fermoeden fan in taalûntwikkelingsfersteuring bart bygelyks by de Taaltrein fan Kentalis. Nei skatting kinne de folsleine kosten foar soarch en ûnderwiis foar in bern mei sa'n fersteuring oprinne ta tsientûzenen euro's.
Sa sjocht in behanneling by de Taaltrein fan Kentalis derút
By alle liny's oerhearsket de noed dat de logopedy fêstrint en dat der op koarte termyn yngrepen wurde moat. "It hinget hielendal ôf fan it tal logopedisten", seit Muller.
Logopedisten lykas Marije Dijkstra dus. Want har passy foar it fak bliuwt yn alle gefallen: "It aldermoaiste is as ik by in bern, folwoeksene of âldere de ferwûndering sjoch dat se in wurd of in klank dochs wol útsprekke kinne. Datst gewoan dy lytse foarútgong meimeitsje kinst en minsken écht helpe kinst. It is sa'n breed en bysûnder fak."