'Pippi!' fan Easterwierrum wint de Gouden Gurbe foar it bêste iepenloftspul

Byld fan it berne-iepenloftspul Pippi! © Johan van der Klaauw
It iepenloftspul Pippi! fan Easterwierrum hat de Gouden Gurbe foar bêste iepenloftspul fan 2023 wûn. It stik fan Stifting Berne Iepenloftspul, krige ek de publykspriis.
De foarstelling gie oer Pippi Langkous, it stoere famke dat betocht is troch de Sweedske skriuwster Astrid Lindgren. It iepenloftspul spile him ôf by it ferneamde 'Villa Kakelbont', dat ek it dekôr foarme. Je hoegden je gjin momint te ferfelen by it stik, oardiele de sjuery.

Aktearwurk mei wille

It iepenloftspul hat in soad talint sjen litten: de ploech hie dúdlik in soad wille yn it spyljen en it toanielwurk wie fan hege kwaliteit. "Een voorstelling die staat als Villa Kakelbont", sa stiet der yn it sjueryrapport.
By de útrikking © Omrop Fryslân
"Ook dit jaar is het Berne Iepenloftspul er weer in geslaagd om iepenloft van een goede en hoge kwaliteit neer te zetten in Easterwierrum."
Yn it stik waarden leafst 16 nûmers songen. "De nummers blijven als echte oorwurmen in je hoofd zitten." De measte nûmers binne skreaun troch Peter Sijbenga. De sjuery neamt him dêrmei in "groot pleitbezorger van de Fryske taal."
Byld út it stik #Maten © Piet Douma
De priis foar de bêste haadrol giet dit jier nei Skelte Anema, dy't yn it iepenloftspul #Maten yn Jowert Frâns spilet. De sjuery skriuwt oer 'ymponearjend aktearwurk.'
"De maten zijn zo goed op elkaar ingespeeld dat je er als toeschouwer helemaal in mee gaat: je gaat geloven dat er een echte vriendengroep aan het woord is. De jury vond dat één acteur er echt (wederom) uitsprong", sa stiet der yn it rapport. Dat is Anema dus.
"We kunnen nu eenmaal niet om het enorme talent van Skelte Anema heen. Zijn timing en inlevingsvermogen zijn van grote klasse." Twa jier lyn wûn Anema ek al de Gouden Gurbe foar de bêste haadrol.

De bêste byrol

De priis foar de bêste byrol giet nei Rienk Nicolai, dy't Jens spile yn it stik De Kommune (fan Snakkerbuorren). Nicolai spilet yn it stik in dronken personaazje.
"We hebben echt ontzettend moeten lachen om Rienk. Daarnaast was zijn timing magistraal en kon de rest van de ploeg op een prettige manier op zijn stabiliteit leunen."
De Gouden Gurbes binne de Oscars fan de iepenloftspullen en wurde útrikt troch de Leeuwarder Courant. De priis is 16 jier lyn betocht troch de kultuerredaksje. De Gouden Gurbes ferwize nei Gurbe, it boerke dat yn de krante kommentaar joech op it nijs.
De Gouden Gurbe foar de bêste foarmjouwing giet nei In pakje foar signor Pandarello, it iepenloftspul dat yn Suwâld, Wyns en Bakkefean opfierd is. It ferhaal spilet him ôf by in fertutearze sirkus.
De minsken efter it stik hawwe dit idee hielendal trochfierd en nei de doarpen ta brocht, mei wiersizzers, sûkerspinnen en fjoerspuiers. Fan it programmaboekje oant de poster: "Alles ademt circus en variété."
De âlde wenweinen wiene prachtich dekorearre © Siem Akkerman
As lêste hat de sjuery noch in 'ekstra Gouden Gurbe' betocht foar it bêste senario dat net op earder publisearre materiaal basearre is. Dizze priis giet nei Wat bisto leaflik (Spannum), foar de wize wêrop't it ferhaal ta libben brocht is.
It foel op dat der in soad nije iepenloftspullen skreaun binne. "Dat er nieuw werk wordt toegevoegd aan het Friese toneelrepertoire kunnen we alleen maar toejuichen."