Goed harkje nei de kariljonspiler: Snits docht mear as lêze yn de boekewike

Dizze bern wiene goed ôfjage op it lûd fan 'e Martinytsjerke © Omrop Fryslân
Yn de berneboekewike wurdt net allinnich mar lêzen. Troch it rieden fan ferskes oer boeken of oer it tema fan de wike learden bern fan basisskoalle De Oudvaart yn Snits freed oer it kariljon fan de Martinytsjerke.
Spilet de tsjerke 'In Holland staat een huis' of 'Old MacDonald had a farm'? Dêr moasten de bern yn Snits troch in bysûndere opdracht efter sjen te kommen.
Learlingen basisskoalle moasten ferskes werkenne yn Snits
Kariljonspiler Bob van der Linde (28) siet mei in tablet mei blêdmuzyk boppe yn de toer fan de Martinytsjerke. De bern stiene fierderop, by de biblioteek. Papieren en in penne yn 'e hân, sêft meisjongend as sy it nûmer werkenden.

Goed harkje

De aksje is betocht troch harren juf Henriette en kariljonspiler Bob van der Linde.
"Je zit hier heel hoog, je hebt een heel groot bereik maar je weet eigenlijk nooit wie er luisteren", seit Van der Linde. "Het is dus leuk om mensen bewust te maken dat je aan het spelen bent en als dat kinderen zijn helemaal natuurlijk."
Kariljonspiler Bob van der Linde © Omrop Fryslân
Yn 'e mande mei de bern hat Van der Linde de nûmers útsocht. "Ik hoop vooral dat ze een leuke middag hebben, met het carillon, met boeken. Lezen is natuurlijk fantastisch en het zou helemaal mooi zijn dat ze volgende keer door de stad lopen met hun ouders en dat ze het geluid van het carillon herkennen."
Nei ôfrin sochten de bern in passend boek út. Juf Henriëtte besocht mei de aktiviteit de boekewike wat aardiger te meitsjen foar de bern.

Gefoel by muzyk

"Ik fyn muzyk wichtich en dat bern dêr in gefoel by krije, dat sy goed harkjen leare. Ik fyn it ek moai dat de bern net samar mear foarby sa'n klok rinne."
Takom jier docht de klasse lykwols wer wat oars. "Dan dogge wy gewoan wat nijs, miskien dat in oare klasse hjir dan harkje kin."