Blessueres, gryp en ynterlannen: soad puzelwurk foar De Jong nei "hiel hektyske" wike

Henk de Jong op de training mei oanfierder Daniël van Kaam © Dijks Fotografie
Nei in hektyske wike sit Henk de Jong snein foar it earst wer op de bank by SC Cambuur. Foar de thúswedstriid tsjin NAC Breda moat er fuortendaliks puzels lizze, fanwegen ûntbrekkende spilers.
Sa kin De Jong gjin berop dwaan op Sekou Sylla, Fedde de Jong en Roberts Uldrikis: sy ha allegear ynterlânferplichtingen. Dêrnjonken is Jeremy van Mullem blessearre en dan foel spits Milan Smit freed ek nochris út op de training. It is noch ûnwis oft hy spylje kin.
"Ik moat der fannacht noch even goed oer neitinke", seit De Jong oer syn opstelling. "Want Youns El Hilali hat ek nochris de gryp hân. Hy trainde hjoed wol mei, mar we moatte even sjen hoe't it moarn mei him giet. Gelokkich ha we yn de oanfal ek noch mear mooglikheden, eventueel mei Wiebe Kooistra."
Henk de Jong: "It is puzeljen, mar we ha genôch spilers"
Op it middenfjild is De Jong der ek noch net út. "Dêr misse we ek minsken. It is puzeljen."
By dy puzel komt de trainer mooglik wol út by Milan de Koe. In ferdigener, dy't ek op it middenfjild út de fuotten kin. "Mar ek dat beslút ik moarn. We moatte op it middenfjild in jonge ha dy't op syn plak bliuwt en dy't net alle kanten útfljocht. Dan leit it te iepen."
Henk de Jong op de training © Dijks Fotografie
De Jong hat dus noch wat tinkwurk te dwaan. "We moatte útsykje hoe't we alles foarelkoar krije. Mar ha altyd in alvetal dat spylje kin. We ha in soad jeugd dy't it geweldich docht, we ha in fol stadion. Dy help ha we nedich, sa simpel is it. En we dogge alles wat we kinne, mear kin net."
De wedstriid tusken SC Cambuur en NAC Breda begjint snein om 16.45 oere. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. Sportferslachjouwer Geert van Tuinen fersoarget it kommentaar út it Cambuur Stadion wei.
In wiidweidich ferslach fan de wedstriid is moandei werom te sjen yn it Cambuur Sjoernaal by Omrop Fryslân.
It is fuortendaliks oanpoatsjen foar De Jong, dy't tiisdei presintearre waard as opfolger fan Sjors Ultee. Dy waard in dei earder op non-aktyf set.
It wie in drokke wike, fertelt De Jong. "It wie hektysk, hiel hektysk. Der wie in protte belangstelling, dus ik moast de kop der wol efkes goed by ha sa no en dan. Mar elkenien past goed op my, dus dat is lekker."
Trije kear hat De Jong no foar de groep stien. Dat is net genôch om in folslein nije fuotbalfyzje te yntrodusearjen yn in ploech. "Elkenien docht it oars. Sjors die it op syn wize, ik doch it op myn manier. Ik besykje wol wat oare dingen út mei myn stêf en de jonges, mar dat giet net yn trije trainingen."