Tsjechen en Poalen bedobje konflikt ûnder ierappelslaat

Teresa Kruszynska © Omrop Fryslân

De brúnkoalmyn en enerzjysintrale Turow leit yn it grinsgebiet fan Tsjechië en Poalen. In boarne fan wurkgelegenheid foar Poalen, mar in ramp foar it grûnwetter yn Tsjechië. De bewenners gean mei elkoar de striid oan yn in... ierappelslaatwedstriid.

Sjoch de dokumintêre 'Everything's fine, potatoes in line' fan Piotr Jasinki, freedtejûn yn it programma DOKtober.

De man en de soan fan Teresa Kruszynska wurkje by de Turow-brúnkoalmyn en -enerzjysintrale, en sels hat se der ek in baan. Se wenje yn Bogatynia, in Poalsk doarpke op 'e grins.

Hûnderten minsken út Bogatynia fine wurk by Turow. De hiele ekonomy, eins it hiele doarpslibben is ôfhinklik fan de bedriuwichheid. "Alles is mei elkoar ferbûn," fertelt Teresa, wylst se ierappels snijt op it oanrjocht.

Teresa docht jûn mei oan de ierappelslaatkompetysje yn it doarpshûs. In protte Poalske doarpsgenoaten stride dêr tsjin de ynwenners fan it Tsjechyske doarp Hermanice om de lekkerste ierappelslaat. In tradisjoneel feest, dat de ynwenners alle jierren mei elkoar yn kontakt bringt. Hermanice leit oan de oare kant fan de grins, yn Tsjechië.

Foar dizze minsken stiet der wat oars op it spul yn it konflikt om de Turow-myn. De mynbou en de sintrale ûntlûke grûnwetter oan de Tsjechyske ierde. It doarp Uhelná hat al in grut tekoart.

De Turow-brúnkoalmyn en -enerzjysintrale leit by it Izergeberchte op de grins fan Dútslân, Tsjechië en Poalen. Nei in klacht fan Tsjechië dat troch de bedriuwichheid it grûnwetter ferdwynt, grypt it Europeeske Hôf yn. Poalen moat in boete fan 500.000 euro deis betelje.

Uteinlik kostet it Poalen 45 miljoen euro om de miljeuproblemen op te lossen. Dochs bliuwt de myn dêr't er is: de mynboufergunning jildt noch oant it jier 2044.

Yn dizze twadde útstjoering fan DOKtober hat Karen Bies in petear mei Alex Elsinga, Annet Huisman, Tomas Ponsteen en Piotr Jasinski. DOKtober is op freed 19.30 oere en op sneontejûns om deselde tiid te sjen.

DOKtober stiet ek fjirtjin dagen online op de webside en app fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje en it folsleine programma is te finen op de temapagina fan FryslânDOK.

Filmmakker Piotr Jasinski út Tsjechië woe it grinskonflikt werombringe nei de minsklike maat. Hy filme Teresa Kruszynska wylst se har tariedt op de ierappelslaatwedstriid, en hy filme de priuwerij tusken Tsjechen en Poalen yn it doarpshûs.

Piotr Jasinski: "Ik liet de film sjen oan Tsjechen en Poalen, en dy brocht gjin negative gefoelens by harren nei boppen. Just posityf: 'sjochst wol, der is gjin konflikt'. En dat is ek in manier om dizze film te ynterpretearjen. Ik tink dat de minsken mear te witten komme binne oer inoar."

Oan de Poalske kant fan de grins binne minsken benaud har baan te ferliezen as de myn en de sintrale tichtgeane. Oan de Tsjechyske kant binne minsken benaud dat se gjin wetter mear hawwe.

Piotr Jasinski: "Mar se wolle net mei polityk dwaande wêze; se wolle gewoan yn frede libje." Hy makke in prachtige plattelânsfilm, mei de ierappelslaatwedstriid as in 'gesellige' arena fan de beide doarpsmienskippen. Mar op de achtergrûn hearsket yn de film altyd de driigjende toan fan de enerzjysintrale.

DOKtober mei Annet Huisman (l), Alex Elsinga (r) en Karen Bies © Omrop Fryslân