Tet Rozendal nije presintator Op en Ut: "Ik wol oare minsken yn it ljocht sette"

Tet Rozendal © Eigen foto
Tet Rozendal wurdt de nije presintator fan it kultuerprogramma Op en Ut, dat eltse sneontemoarn te hearren is by Omrop Fryslân. Rozendal (40 jier) is in bekende yn de kultuersektor: se reizge it lân troch mei foarstellingen as Mata Hari en De Brekbere Sirkel.
De Feanwâldster is al sûnt har 16e poadiumkeunstner en ken de kultuersektor fan binnen en bûten. "Ik tocht: ik wol my wol mei kultuer dwaande hâlden bliuwe. En by Omrop Fryslân kaam ik al gauris."
"Ik bin noch hieltyd artyst", seit Rozendal mei klam. "Mar ik wol no oare minsken yn it ljocht sette, sels hoech ik net mear sa bot yn de spotlights."
In ûngelok yn 2017 makke dat se yn in drokke perioade ynienen hiel stadichoan dwaan moast. Dêr is se fan weromkommen en de kultuersektor hat har nea loslitten.
Ik snap de minsken ek goed. Ik wit bygelyks hoe't it is om yn premjêre te gean.
Tet Rozendal
Har romme ûnderfining yn de sektor wol se op positive wize trochklinke litte yn Op en Ut. "Ik ha in waarm hert foar de kultuer. Ik snap de minsken ek goed. Ik wit bygelyks hoe't it is om yn premjêre te gean."
Benammen de sfear fan it programma sprekt har oan. "De kombinaasje fan minsken en kultuer, dat is Op en Ut. Allegearre moaie dingen, dêr wurdt ik hiel bliid fan."

Minsken moetsje

It programma presintearret se mei Roelof Lousma, dy't al langer oan it programma ferbûn is. Alle wiken ûntfange se wer oare gasten. "It giet my om de minsken. Én de minsken dêr'tst it mei makkest én de minsken dy't oan tafel komme. Ik sjoch it allermeaste út nei al dy moetingen."
Tet Rozendal sit fan novimber ôf efter de mikrofoan by Op en Ut.