Tet Rozendal nije presintator Op & Ut

Tet Rozendal wurdt de nije presintator fan it kultuerprogramma Op & Ut, dat eltse sneontemoarn te hearren is by Omrop Fryslân. Rozendal (40 jier) nimt dêrmei plak neist Roelof Lousma, dy't al langer oan it programma ferbûn is.
De Feanwâldster is in bekende yn de kultuersektor: se reizge it lân troch mei foarstellingen as Mata Hari en De Brekbere Sirkel. Foar Omrop Fryslân skreau se earder alris It Grut Frysk Diktee en wie se radio kollumnist.
In fal yn 2017 makke dat se ynienen hiel stadichoan dwaan moast. Mar no is se werom, ûnder oare dus as presintatrise fan Op & Ut. "Ik bin noch hieltyd artyst", seit Rozendal mei klam. "Mar ik wol no oare minsken yn it ljocht sette, sels hoech ik net mear sa bot yn de spotlights."
Benammen de sfear fan it programma sprekt har oan. "De kombinaasje fan minsken en kultuer, dat is Op & Ut. Allegearre moaie dingen, dêr wurdt ik hiel bliid fan." Tet Rozendal sit fan novimber ôf efter de mikrofoan by Op & Ut.
Op & Ut
Op & Ut is it útgeans- en kultuerprogramma fan Fryslân op sneontemoarn tusken 9.00 en 12.00 oere. It programma is live te hearren op 'e radio en te sjen op telefyzje.
Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinst kontakt opnimme mei de ôfdieling Publyk: publyk@omropfryslan.nl of (058) 299 7876.
It folsleine parseberjocht is hjir te downloaden.