Aldeboarnsters hawwe wer in supermerk: boadskippen tenei 'By de Toer'

De nije doarpswinkel, 'By de Toer' © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Aldeboarn kin foarearst wer boadskippen yn eigen doarp helje. Ynwenners fûnen it sa'n gemis dat de supermerk ferline jier slute moast, dat in groep fan 70 frijwilligers sels in winkel opset hat.
'By de Toer' is in kompakte doarpswinkel mei in folslein assortimint. En je kinne der in kopke kofje drinke. Tongersdei wie de feestlike iepening.
Aldeboarn hat wer in eigen doarpswinkel, ek al is it noch in eksperimint
"It is safier", seit frijwilliger Jacqueline Brauwers. "Nei in jier lang wrotten, binne we iepen. Moai om safolle minsken te sjen. Sy steane wol yn 'e rige, omdat it no ekstra drok is, mar hiel leuk."
Skoalbern binne útnûge om it lint foar de winkel troch te knippen. Sa binne se ek belutsen by de leefberens fan Aldeboarn yn de takomst.
De eardere supermerk wie net rendabel. No besykje ynwenners de winkel op net-kommersjele basis te runnen.
"It pân is ta beskikking steld. De boutiid op sneon, snein en de jûntiden en alle personiel is frijwillich", leit Brauwers út. "Wy hawwe ek gastfroulju en besoarchtsjinsten. Alderein kin ophelle wurde om boadskippen te dwaan. Alles is frijwillich."
Jacqueline Brauwers mei de bern, dy't bûltsjeblaze kinne © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Aldeboarn kaam by de provinsje yn oanmerking as 'Bloeizone' mei as wichtichste punt in sosjale winkel om de leefberens yn it doarp te befoarderjen. In 'Bloeizone' is in gebiet wêryn't ynwenners mei-inoar soargje foar de omjouwing en dêr't minsken langer yn sûnens libje.

"Langer thús yn it doarp"

"Wy hoopje dat minsken wat langer thús yn it doarp wenjen bliuwe kinne", seit Brauwers. "Dat se net ferplichte binne om te ferhúzjen nei in oar plak, omdat dêr mear foarsjennings binne. Dat hawwe we hjir allegearre."
Frijwilligers yn de nije winkel © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
In winkel is net allinnich foar de deistige boadskippen, mar ek in sosjaal moetingspunt om in praatsje te meitsjen of in kopke kofje te drinken. It earste kofjetaffeltsje is fuort nei de iepening al beset. Dêr prate trije âldere froulju oer hoe't se in jier lang sûnder supermerk dwaan moasten.
Mies Boonstra hat de winkel mist. "Ja, behoorlijk. Maar ik vind het geweldig wat de mensen die dit allemaal hebben opgezet gepresteerd hebben. Petje af."
Oan de kofjetafel © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Annie Punter fûn it ek hiel ferfelend sûnder winkel yn de buert. "As je gjin ferfier hawwe, dan binne je oanklaud. It is dreech om altyd oaren te freegjen, dus ik fyn dit hiel moai." It kuierke en it gesellich sitten mei oaren kinne de froulju bot wurdearje.
De toer en de doarpswinkel, 'By de Toer' © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Al is de doarpswinkel lyts, der is fan alles te keap. Brauwers hat der betrouwen yn. "We hawwe biologyske griente en molke, wy hawwe farske bôle fan ús favorite bakker en we ferkeapje fleis. It is in hiel eigen assortimint, wêrfan't we witte dat it doarp it wol."

Bestelle

De boadskippen bestelle se by Poiesz, dêr't se it per artikel bestelle kinne. Dat is foardieliger. Gruthannels komme boppedat minder faak en mei gruttere oantallen en dêr is gjin plak foar, der is mar in beskieden magazyn.
'By de Toer' is in eksperimint fan earst twa jier om te sjen oft in frijwilligerswinkel wól út kin yn it doarp.