Liveblog | 13 oktober 2023

112-nijs 13 oktober: Utslaande brân yn kantoargebou op It Hearrenfean | Beknypt hynder befrijd

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 13 oktober 2023, 20:48
20:48

Brânwacht Harns yn aksje foar beknypt hynder

© Brandweer Harlingen
De brânwacht fan Harns hat freed útride moatten om in hynder te helpen. Dy wie fallen yn in hynstetrailer dy't ûnderweis wie, net fier fan de Ofslútdyk. It hynder rekke beknypt yn de trailer en koe sels net mear oerein komme. De brânwacht hat it hynder úteinlik befrije kinnen út de ferfelende posysje. In bistedokter hat dêrnei medyske soarch oan it hynder ferliend.
20:19

Ferskate bestjoerders sûnder rydbewiis oanholden

De plysje fan Noardeast-Fryslân hat freed ferskate bestjoerders fan de dyk helle dy't sûnder rydbewiis rieden. Yn Bûtenpost waard in Kollumer fan de dyk helle dy't mei drugs op ried, mar ek gjin jildich rydbewiis by him hie. It wie net de earste kear dat er sa betrape wie, dêrom is syn buske yn beslach naam.
In ynwenner fan Koatstertille mocht de dyk ek net op, omdat er earder dit jier syn rydbewiis ynleverje moast nei't er fierstente hurd ried. Dochs siet er wer efter it stjoer. As lêste is der by Hurdegaryp in automobilist oanholden dy't yn eigen doarp sûnder papieren ried. Foar alle trije bestjoerders is in proses-ferbaal opmakke.
16:36

Weststellingwerf slút oan by kampanje tsjin kriminaliteit yn sosjale hier

De gemeente Weststellingwerf fiert kampanje tsjin kriminaliteit yn sosjale hierhuzen. It komt faak foar dat kriminelen minsken yn sokke hierwenten freegje om keamers ôf te stean. Dy wurde dan bygelyks brûkt foar yllegale prostitúsje of drugskriminaliteit.
De kampanje 'Staat jouw deur open voor iedereen' moat hierders bewust meitsje fan de gefaren en moat de drompel ek leger meitsje om fertochte situaasjes te melden. Dat kin by Meld Misdaad Anoniem. De kampanje dêr't Weststellingwerf no by oansletten is, moat helpe om de sinjalen fan ditsoarte kriminaliteit te werkennen.
16:27

Fytser slim ferwûne by Rotsterhaule

By in oanriding tusken in auto en in fytser by Rotsterhaule is de fytser slim ferwûne rekke. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs ta brocht. De Kadijk is ticht salang't de plysje dwaande is mei ûndersyk nei de tadracht.
15:24

Brân It Hearrenfean ûnder kontrôle

Brân It Hearrenfean ûnder kontrôle
By de brân op It Hearrenfean binne gjin minsken belutsen, meldt de brânwacht. Dy hat it fjoer yntusken ûnder kontrôle.
15:08

Mear ynbraken yn garaazjes en skuorren Noardeast-Fryslân

In ynbrekker © Shutterstock.com (Gorgev)
De plysje fan Noardeast-Fryslân warskôget foar ynbrekkers. Oer it ôfrûne healjier konstatearret de plysje in tanimming yn it tal dieverijen yn garaazjes en skuorren.
Ofrûne wike is der twa kear ynbrutsen yn Burgum. Yn de nacht fan woansdei op tongersdei waard de doar fan in skuorre oan de Tussendijken iepenbrutsen. De bewenner wie dêrfan wekker wurden. Doe't dy nei de tún rûn om te sjen wat der wie, fûn er guod dat klearlein wie om mei te nimmen. De ynbrekker(s) sels wiene al útnaaid.
Yn deselde nacht wie ek in skuorre oan de Kerklaan slachtoffer fan ynbraak. De doar waard iepenbrutsen, mar foar safier bekend is dêr neat meinaam. Yn de wiken dêrfoar krige de plysje ek ferskate meldingen fan fertochte situaasjes yn de nacht.
De plysje riedt minsken oan doarren en ramen goed te sluten en eventueel nei te tinken oer it pleatsen fan in kamera.