FIDEO: Grutte belangstelling yn polityk Den Haag foar it Frysk

Ryk en provinsje ûnderhannelje oer it Frysk
Der is tongersdei yn de Twadde Keamer praat oer de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. It giet dan om it Frysk yn de rjochtbank, mar ek oer in Fryske oplieding sjoernalistyk, de produksje fan Frysktalige films en it ûnderwiis.
It is dien op inisjatyf fan D66 en ChristenUnie. Der dienen njoggen Keamerleden mei fan sân politike partijen.