Grutte fraach nei fredesflaggen, Dokkumer Vlaggen Centrale skaalt produksje op

De Dokkumer Vlaggen Centrale makket "yn grutte oantallen" ekstra fredesflaggen. Se krije in soad ekstra oanfragen, fertelt kommersjeel direkteur Henny Atsma.
Sûnt de oanfal fan Hamas op Israël ôfrûne wykein ferkeapet de DVC ek folle mear Palestynske en Israelyske flaggen as oars. "We sjogge in tanimmende fraach. We ferkeapje de ôfrûne pear dagen trije of fjouwer kear safolle Palestynske en Israelyske flaggen as gewoan yn in hiel jier."
Mar de fredesflagge rint it hurdst by de DVC. Dat is in blauwe flagge, mei in wite do yn it midden.
"De do is it symboal foar de frede", seit Atsma. "We sjogge dat in soad oerheden, gemeenten, bedriuwen en partikulieren dizze symboalyske flagge oanskaffe om it lûd fan ferbining hearre te litten."
Se ferwachtet dat benammen de fraach nei dy fredesflagge noch wol in skoftke oanhâldt. "Elke dei wurde der mear oanfrege, dus dat giet noch wol even troch."
Oare flaggeprodusinten krije ek in soad ekstra oanfragen, benammen fan dy fredesflagge. Dy is gewoanwei noait sa bot yn trek. By de start fan de ynfal fan Ruslân yn Oekraïne, goed oardel jier lyn, waarden benammen Oekraynske flaggen ferkocht.