Ljouwert sil eksperimintearje mei digitale meldplicht rebûljeskoppende fuotbalsupporters

De gemeente Ljouwert docht mei oan in eksperimint mei in digitale meldplicht foar fuotbalsupporters dy't oerlêst feroarsaakje. Hjirmei kin de gemeente kontrolearje oft relskoppers harren oan in gebietsferbod hâlde.
By de test wurdt gebrûk makke fan in draachber kastke, dy't in fingerôfdruk lêze kin. Op dizze wize kin digitaal oan de meldplicht foldien wurde.
It kastke, mei de namme Mini-ID, wurdt net fuortendaliks ynset foar minsken mein in gebietsferbod. Earst sille tsien frijwilligers it apparaatsje teste. Pas as dy proef goed ferrint, sille minsken mei in gebietsferbod it kastke brûke
Praktysker
Ut praktysk eachpunt wei is dizze oplossing mei it kastke folle geskikter as in digitale meldplicht, seit boargemaster Sybrand Buma. "Een meldplicht op het politiebureau heeft praktische bezwaren. Je wilt bijvoorbeeld niet dat een hooligan die niet uit Leeuwarden komt, naar Leeuwarden rijdt om zich te melden."
Yn ferbân mei de privacy mei net kontrolearre wurde wêr't immen is, mar wol wêr't immen net is. "Het kastje geeft alleen aan of iemand wel of niet in het gebied is", leit Buma út.
Njonken Ljouwert sille de gemeenten Rotterdam en Utrecht ek meidwaan oan it eksperimint. "Ik ben heel blij dat Leeuwarden hiermee in de voorhoede zit. We hebben problemen gehad, daar loop ik niet voor weg. Tegelijkertijd willen wij de boel oplossen."
Nei ferwachting giet de proef yn novimber fan start.