HEA! Bart hat de toutsjes yn hannen
HEA! Bart de poppespiler
Bart de Jongh fan De Rottefalle is praktysk syn hiele libben al dwaande mei keunst op strjitte. As jonkje fan acht jier seach hy, doe't hy mei heit en mem yn Amsterdan wie, marionetteteäter en dat hat him net mear loslitten.
Sa'n 40 jier ferlyn binne Bart en syn freondinne tegearre mei harren dochter op reis gien yn in wenwein. Se hawwe ûngefear trije jier ûnderweis west en om't it jild op rekke, binne se begûn mei it meitsjen fan poppen en spilen se foarstellingen, Noch altyd makket Bart poppen en hat er syn eigen marionetteteäter: Karkast.