Bekersmiters leinen al fjouwer wedstriden stil: Cambuur nimt no maatregels

De Noardtribune yn it Cambuur Stadion © Orange Pictures
By de thúswedstriid fan SC Cambuur tsjin NAC Breda, kommende snein, hingje der netten foar de Noardtribune. Dat moat foarkomme dat der bekers op it fjild smiten wurde.
Fjouwer fan de earste fiif thúswedstriden fan de Ljouwerters waarden dit seizoen tydlik stillein, nei't supporters bekers op it fjild smiten hienen. Dat mei sûnt foarich seizoen net mear.
Ofspraak is dat by de earste kear de wedstriid tydlik stillein wurdt. As it dêrnei yn deselde wedstriid opnij gebeurt, en de dieder wurdt net fûn, wurdt de wedstriid definityf stillein.

"Met pijn in ons voetbalhart"

It stillizzen fan de wedstriden is net allinnich ferfelend foar de spilers en oare supporters, mar der komt ek in ûndersyk en mooglik in boete fan de KNVB.
"Dit is een maatregel die je niet graag neemt en waarbij we zeker ook enige pijn in ons voetbalhart voelen", seit Cambuurdirekteur Ard de Graaf. Mar de klup kin net oars, neffens him. "We voelen ons genoodzaakt om dit door te voeren, waarbij ik wel wil benadrukken dat dit hopelijk van tijdelijke aard is."

'Yn it belang fan de klup'

Supportersklup Kern van Cambuur hat wol begryp foar it beslút. "Wij staan er dubbel in. We zijn normaalgesproken altijd tegen netten ophangen. Nu de situatie zo is dat staken een terugkerend fenomeen is geworden en het overgrote merendeel van de supporters ook echt klaar is met die paar individuen die steeds gooien, dan wel 'vreugdebiertjes' loslaten, begrijpen we het wel.
Kern van Cambuur giet derfan út dat it om in tydlike maatregel giet, dy't yn it belang fan de klup is.
De wedstriid tusken SC Cambuur en NAC Breda begjint snein om 16.45 oere. It duel is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. Geert van Tuinen fersoarget it ferslach.