Aaltsje fielt har thús op it Skotske eilân Lewis: "It is hjir hiel zen"

Aaltsje Macaulay mei har twilling © Aaltsje Macaulay
Aaltsje Hiddema (34) út Aldegea kaam op har wurk op in cruiseskip har grutte leafde tsjin. Ian woe allinnich mar yn Skotlân wenje en no hjit Aaltsje offisjeel Macaulay en wennet se op it eilân Lewis. Mei har man en twilling.
Aaltsje is nei Skotlân ferhuze foar de leafde. Se moete har man op in cruiseskip fan de Holland Amerika Line dêr't sy beiden wurke.
"We stiene njonkeninoar yn de offisiersbar en doe sei in freondinne: Ja, ik sjoch it. Jimme twa. Wy seagen inoar oan, sa fan: Nee, hâld op, ju."
De arbeidskontrakten op sa'n cruiseskip binne lang genôch om better mei-inoar yn de kunde te kommen. In pear moanne letter sloech de fonk oer tusken Aaltsje en Ian. Har mem en har suster Aafke seagen Ian foar it earst doe't it cruiseskip yn Rotterdam oanlei.
De Macaulay's, Aaltsje mei har man Ian © Aaltsje Macaulay
De jannewaris dêrop kaam Aaltsje foar de earste kear op Lewis der't Ian syn famylje wenne. It wie ek wol wat bedoeld as in proef. As se it dêr yn it tsjustere en wiete winterseizoen moai fine soe, siet it wol goed. Lykwols, doe wie it tafallich de hiele wike sinneskynwaar.
Se waard fuortendaliks opnaam yn Ian syn famylje. It Skotske folk is ferlykber mei it Frysk folk, seit Aaltsje. Hiel waarm en hiel gewoan. In leaf en waarm wolkom krige se. "It fielde fuortendaliks goed."
Brulloft op Isle of Lewis, Friezinne Aaltsje stiet foaroan lofts, har man Ian stiet lofts skean achter har © Aaltsje Macaulay
Dat de Skotten sterke tradysjes hawwe kin Aaltsje oer meiprate. De manlju hawwe in kilt oan by offisjele gelegenheden, lykas brulloften.
Fierders dogge se in soad oan folksdûnsjen. Twa wike lyn wie Aaltsje noch as breidsfaam op in trouwerij. "Dan wurdt der de hiele jûn folksdûnse."
Bern op Isle of Lewis Skotlân © Aaltsje Macaulay
Se wenje oan de westkust fan it eilân yn it plakje Shawbost, tichtby de see. It is dêr rom opset en rêstich. "Hiel zen eins."
Aaltsje tocht dat Fryslân al rom wie mei al dy greiden om dy hinne. Mar dêr't se no wennet is it echt breed fan opset. Yn it doarp binne wol huzen en dy sjochst allegearre wol, mar hast genôch romte om dy hinne om knallûde muzyk te draaien. Hoechst net yn te sitten oer lilke buorlju.
Aaltsje Macaulay op it strân fan Lewis © Aaltsje Macaulay
Se binne troud yn 2019 en hawwe in twilling fan hast twa jier. Aaltsje wurket yn in hotel. Ian runt de camping oan hûs dy't syn heit en mem hawwe.
Op cruise hawwe se net mear west. Ian hat wol syn eigen boat en se gean wol gauris te farren. Mei dy boat fart Ian ek út en troch personiel nei wynmûnen op see.

Fries om utens

Ien Frysk ferske docht har in soad: Fries om utens fan John Wright & Rolling Home. Dat is in Fryske bewurking fan it Skotske liet Caledonia, it wurd dat de Romeinen hiene foar Skotlân. It liet stiet foar Aaltsje persoanlik foar de ferbining tusken Fryslân en Skotlân.
Hille Hiddema © Hille Hiddema
Aaltsje hat noch in oare bân mei it Fryske liet. Har broer Hille Hiddema docht mei oan Lietfestival. Jûn is de finale. Op Omropfryslân.nl en yn de app kinst live meisjen, Aaltsje yn Skotlân giet der yn alle gefallen plat foar sitten