Lauwers College Kollum skrast part Coming Out Day-aktiviteiten nei wjerstân

Middelbere skoalle Lauwers College yn Kollum hat aktiviteiten yn it ramt fan Coming Out Day skrast. Oanlieding is dat reinbôgeflaggen en oare fersieringen yn 'e skoalle fuorthelle binne.
Coming Out Day is in dei wêrop't jongelju en jongfolwoeksenen alle jierren oanmoedige wurde om foar har genderidentiteit of seksuele foarkar út te kommen.
Moarns wiene der by de skoallen flaggen en fersiering ophongen yn it gebou. Guon fersieringen binne lykwols 'fuorthelle'. Oft dat troch learlingen dien is, koe de skoalle net befêstigje.
Nei it fuortheljen hat de organisaasje besletten in pear aktiviteiten yn it middeisskoft te skrassen: it gie ûnder oare om it plakken fan stikkers en it sminken fan minsken.
Reportaazje
Streekomrop RTV NOF soe yn 't earstoan in reportaazje meitsje oer de aktiviteiten, mar it Lauwers College liet woansdei witte dat it kamerateam net mear wolkom wie. RTV NOF hat der meardere kearen nei frege, mar de koördinator woe fierder gjin taljochting jaan op it beheinen fan de aktiviteiten.
Yn de les is der wol omtinken jûn oan Coming Out Day. Learlingen hawwe net perfoarst wat fernaam fan it ferfallen fan bepaalde aktiviteiten, liet de skoalle oan RTV NOF witte.
Foar it skoalgebou wapperet de reinbôgeflagge ek noch hieltyd. De skoalle bliuwt it ûnderwerp wichtich finen en hopet dat eltsenien himsels wêze kin. Mooglik fine de skraste aktiviteiten noch op in oar momint plak.
It kolleezje fan bestjoer fan de skoalkoepel lit yn reaksje witte: "Bij de scholen van Fierder Onderwijs vinden we het belangrijk dat alle leerlingen zich veilig voelen om uit te komen voor hun eigen seksualiteit. We zullen aandacht blijven besteden aan dit soort dagen."
Op it barren yn Kollum woe foarsitter Wim Jan Renkema ynhâldlik fierder net reagearje.
Op de skoalle bestiet al jierren 'Team BeYOUtiful', in wurkgroep fan learlingen en dosinten dy't him sterk makket foar in feilige omjouwing op skoalle. It Lauwers College wol dêrmei stilstean by de leafde en it belang fan it wêze kinnen wa't je wêze wolle.
De groep hat aktiviteiten opset foar International Day of Silence (in bewustwurdingsdei tsjin pesten) en yn 2016 waard foar it earst Pearze Freed fierd (út solidêrens mei de LHBTIQ+-mienskip). Dêrfoar waard de skoalle yn de kleur pears fersierd en wie der in catwalk.
Oft it woansdei om aktiviteiten fan Team BeYOUtiful gean soe, is net bekend. Mar de skoalle besteget al jierren oandacht oan Coming Out Day.
Gefoelich yn Kollum
Dochs leit it ûnderwerp gefoelich yn Kollum. Op 17 maaie fan dit jier waard der in reinbôgebankje oan it Nieuwpad pleatst troch Noardeast-Fryslân, dy't al sa'n trije jier reinbôgegemeente is. In pear dagen letter waard it lykwols bekladde: der stiene mearder leuzen om it bankje hinne, lykas 'Gay = niet OK.'

It wie reden foar Kollumers Milan van Brummelen en learares Kim van Soest om 3FM en HUMAN út te nûgjen om in Canal Pride te organisearjen yn it doarp. Nei it feestlike barren kamen hûnderten minsken.
Nettsjinsteande dat kamen der online in soad haatreaksjes. Boppedat waard it reinbôgebankje foar én nei de Pride op 'e nij slachtoffer fan fandalisme.