KAART: Op dizze plakken yn Fryslân meist gjin peuk opstekke

© ANP
Yn 'Stoptober' lizze in soad Friezen de sigaret del. It is in inisjatyf om smokers te ûntmoedigjen fierder te smoken. Tsjintwurdich wurdt it de ophâlders ek al makliker makke troch smookfrije sônes.
Yn Fryslân binne hast 250 organisaasjes mei smookfrije sônes. Benammen sportklups en buertferieningen binne fanatyk dwaande smokers te kearen.
Doel fan de kampanje is om in 'smookfrije generaasje' op te setten: bern moatte it goede foarbyld meikrije. En dus kinne in soad âlden net mear by de sydline fan it fuotbalfjild in peukje opstekke.

Hoareka

Sa út en troch binne der ek hoarekagelegenheden dy't meidogge. Mar dat is faker útsûndering as de regel. By fiif saken yn Fryslân meist net smoke, ek net op it terras, lykas By-Kees op It Hearrenfean of it strânpaviljoen yn Ballum.
Opfallend is Drachten. It plak stiet boppe-oan de list mei meast smookfrije sônes. Yn de gemeente Smellingerlân binne bygelyks alle 256 boarterstunen en -fjildsjes al smookfrij.