De toan fan Froukje Sijtsma: "Curlingâlden yn it spier foar Disneyplaatsjes"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Doe't ús heit en mem it âlderlik hûs ferkochten, krigen wy goed 30 jier oan herinneringen troch hannen. Nifelwurkjes fan de basisskoalle, doazen fol post en in dikke map mei Flippo's. Hoefolle pûden sjips hienen wy dêr as bern net foar opknabbele?
It sammeljen fan Flippo's hat de grutste raazje fan myn jeugd west. Om 1995 hinne begûn it. In grutte sjipsfabrikant ferstoppe rûne plestik skyfkes mei ôfbyldings fan Looney Tunes yn de sjipspûden. Do koest mar leafst 100 ferskillende Flippo's sparje, byfoarbyld mei Tweety, Tom&Jerry of Woody Woodpecker.
Grutte sparaksjes binne ek fan dizze tiid. Myn dochter frege fan it simmer oft se it Disney plaatsjesboek hawwe mocht. In prachtich foarmjûn resepteboek mei 100 lege fakjes, yn te plakken mei Disneystickers fan in supermerk. Se krige de plaatsjes fan myn boadskippen en dy fan beppe. Hjir en dêr krige ik ris wat tastoppe fan kollega's.
De toan fan Froukje Sijtsma
De sparaksje by de supermerk is no op de ein, mar it hamsterjen giet wakker troch. Want lang noch net elkenien hat it boek fol. Mei myn dochter siet ik yn in kofjetintsje. Neist ús sieten twa bern mei in nije steapel plaatsjes. 'Hebben we allemaal al, mam.' Doe frege it famke oft myn dochter ek noch wat plaatsjes nedich hie. Gesellich sieten de bern te keuveljen.
Middeis kaam in buorfamke del. En myn dochter joech har de dûbele plaatsjes dy't sy noch net hie. Myn famke moat noch fiif stickers om it boek fol te krijen, mar se kin der net fan wekker lizze. Yn tsjinstelling ta in soad heiten en memmen, dy't wanhopige opropkes dogge op Facebook foar harren kroast. En oars fia de hannel op Marktplaats de missende plaatsjes keapje.
Ik krige in appke fan in mem, in mailtsje fan in heit mei de fraach oft wy miskien de missende plaatsjes hienen. 'Oproepjes op Facebook doe ik echt niet aan, hoor', sei in freondinne laitsjend. 'Dat is echt mijn eer te na. Dan gaat zoonlief maar even naar de ruilbeurs van de supermarkt.'
Wa't der ek sa oer tinkt is Annelies Bobbeldijk fan WOW Opvoedcoaching. Op Instagram seit se dat âlden echt ophâlde moatte om lotten foar harren bern te ferkeapjen of muoite te dwaan om de stickerboeken fan harren bern fol te krijen.
'Van wie is dat Disneyboek dan? Van jou? Wil jij hem dolgraag volkrijgen? Of is het boek van je kind? Precies. Als je kind dat boek vol wil krijgen, dan kan hij dat toch ook zelf fixen? Door te ruilen, door buren te vragen. We hoeven niet alles op te lossen voor onze kinderen. Daar worden het luie prinsjes en prinsesjes van. Stop met dat gepamper.'
Op souder by heit en mem bledderje ik it Flippoboek nochris troch. Ik tref ferskillende lege fakjes fan missende Flippo's oan. It hat wol wat moais. De map is net kompleet. Net de folle hûndert punten. Mar net perfekt... is ek goed."