Liveblog | 11 oktober 2023

112-nijs 11 oktober: Frachtwein kantele by Surch

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 11 oktober 2023, 20:08
20:08

Auto en bestelbuske botsten tsjin kantele wein

Neffens in korrespondint barde it ûngelok op de N31 om 19.30 oere hinne. De frachtwein kantele troch noch ûnbekende oarsaak, wylst hy yn de rjochting fan Harns ried. Yn de wein waard gers en hea ferfierd.
Der soenen in auto en in bestelbuske op de kantele wein botst wêze. Der soe op syn minst ien persoan ferwûne rekke wêze.
De frachtwein leit ek foar in part yn de berm en oer de oare rydstripe.
De kantele wein © CAMJO Media
20:01

Frachtwein kantele by Surch, dyk ticht

Der is in frachtwein kantele op de N31 by Surch. Dêr soenen meardere auto's tsjinoan botst wêze.
De helptsjinsten binne manmachtich teplak. De dyk is op dit stuit ticht.
Helptsjinsten binne teplak © CAMJO Media
17:08

Klúskes fan learlingen yn Waadhoeke kontrolearre

In plysje by in eardere klúskekontrôle © ANP
De klúskes yn alle middelbere skoallen yn de gemeente Waadhoeke wurde dit jier kontrolearre. Dat hat de gemeente ôfpraat mei de direksjes fan CSG Anna Maria van Schurman en RSG Simon Vestdijk yn Frjentsjer en Campus Middelsee yn Sint Anne. De gemeente wol de kontrôle mei it each op de feilgens.
As der wapens, drugs, alkohol of fjoerwurk fûn wurdt, komt de plysje yn aksje. Dy sjocht op de eftergrûn al mei. De kontrôle wurdt mei in stekproef dien: in meiwurker fan de skoalle iepenet de klúskes om te sjen wat der yn sit. It is net de earste kear dat sa'n klúskekontrôle plakfynt, sa hat by ROC Friese Poort yn Drachten ek al ferskate kearen in plysjekontrôle west.
16:31

Plysje hâldt tsien minsken oan yn ûndersyk nei ûndermynjende kriminaliteit

De plysje hat tsien persoanen út de provinsjes Fryslân, Drinte en Grinslân oanholden yn in ûndersyk nei ûndermynjende kriminaliteit. Der waarden tiisdei op meardere lokaasjes ynfallen dien. Dêrby waard ûnder mear in wurkjend drugslab, 2000 kilo swier fjoerwurk en gemikaliën foar de produksje fan syntetyske drugs fûn.
Ek waarden der ferskeidene soarten drugs fûn, lykas kokaïne en himp. De trochsikingen wienen yn meardere bedriuwsloadsen en wenningen. Der waarden ek ferskate auto's en oar guod yn beslach naam.
De plysje slút net út dat der noch mear minsken oanholden wurde.
11:38

Mouni-eigener skrok him in ûngelok: "Ik vind het echt heel jammer"

Adel Boufennara krige midden yn 'e nacht in telefoantsje fan de plysje oer de eksploazje by syn saak
11:30

Noch gjin oanhâldingen

De plysje wit noch net wat de tadracht fan de eksploazje by de kebabsaak yn Ljouwert is. Se sykje minsken dy't ynformaasje ha en mooglik wat sjoen ha. Kamerabylden binne ek wolkom, sizze se.
Der is noch gjinien oanholden.