Friso Snits makket rentree yn Europa mei kânsleaze nederlaach tsjin Praach

In balende Britt Schreurs © Dijksfotografie
Friso Snits hat de earste wedstriid tsjin PVK Olymp Praha yn de Challenge Cup ferlern. It waard in kânsleaze 3-0 (25-14, 25-16 en 25-20) nederlaach.
PVK Olymp Praha einige ferline jier as sechsde yn de Tsjechyske kompetysje en Snits waard kampioen fan Nederlân. Dochs wiene de Tsjechen folle better. Se hiene mear power, in sterk blok en Snits krige de bal mar net op de grûn.
Neffens coach Erik Reitsma fan Friso Snits wie it ferskil grut, mar binne der oanknopingspunten
De Tsjechen kamen rap út de startblokken. Pas by in 6-0 efterstân pakte Snits har earste punt. Dy foarsprong bouden se stadich út. Snits hie gjin grip op it spul fan de ploech út de Tsjechyske haadstêd. Praha krige in soad werom. Se wûnen de earste set mei 25-14.

Goed begjin fan de twadde set

Snits begûn folle better oan de twadde set en se liken better antwurd te ha op it spul fan de Tsjechen. Se pakten in 6-1 foarsprong, mar dy wie gau wer fuort, want it waard 6-6. Dêrnei rûn Praha wer út nei 13-8, 18-10 en waard de einstân yn de twadde set 25-16.
Foar Rixt van der Wal wie it wennen om tsjin in Europeeske klup te spyljen
Yn de tredde set gong it oant 5-5 lyk op. Dêrnei rûn Praha út nei in foarsprong fan fiif punten, mar Snits knokte him goed werom oant 16-16. Mar fia in opslachfout en in baltsje fia de netrâne kaam Praach op 18-16. Se rûnen sels út nei 21-16.

Rentree yn Europa nei seis jier

Snits spile seis jier lyn foar it lêst yn de Europeeske kompetysje. Dêrnei krigen se de begrutting noait rûn. Om ien ronde yn de Challenge Cup te spyljen, kostet 20.000 euro. Neffens bestjoerslid Koos Nederhoed fan VC Snits libbet it follybal yn Snits hiel bot. Mei tank oan in grutte groep ûndernimmers ha se it jild byinoar krigen.
"We kregen 7.500 euro van de volleybalbond, maar verder staan onze sponsoren garant", seit Nederhoed. "Het leeft als nooit tevoren in Sneek. Daardoor hebben we dit mogelijk kunnen maken."
Snits moast net allinnich jild ynsammelje, mar ek de hal min of mear ferbouwe. It fjild is in kwartslach draaid, der leit in nije flier en der is in tribune by boud. Sa is der plak foar 1.100 taskôgers. Tiisdei sieten der sa'n 400.
Koos Nederhoed, bestjoerslid VC Snits, bliuwt realistysk oer de rentree yn Europa
Woansdei folget it twadde duel. Dat is net yn Praach, mar wer yn Snits, omdat de flier yn Praach net foldocht oan de easken.
As Snits woansdei mei 3-0 of 3-1 wint, dan folget der in beslissende set. By in nederlaach of in 3-2 oerwinning sit it Europeeske aventoer der op.

Winner tsjin Marrit Jasper

As Snits trochgiet nei de twadde ronde, dan treffe se de winner fan it duel tusken Pölkky Kuusamo út Finlân en Neptunes Nantes út Frankryk. By Nantes spilet Snitser en Oranje-international Marrit Jasper.
Neffens Nederhoed ha se twa of trije ronden begrutte. "Mar we moatte ek realistysk wêze. We spylje wol echt tsjin grutte klups, dus we moatte dat noch mar efkes sjen."