Afgaansk restaurant Ljouwert yn aksje foar ierdbevingsslachtoffers: "Ze hebben hulp nodig"

Masud Rahmani komt sels út it troffen gebiet yn Afganistan © Omrop Fryslân
Restaurant AfghanFresh yn Ljouwert is in donearaksje begûn foar stipe oan de slachtoffers fan de ierdbevingen yn Afganistan. Ofrûne sneon waard it noardwesten fan it lân troffen troch in rige ierdbevingen en neiskokken.
Mear as 2.000 minsken kamen dêrby om it libben en sa'n 1.300 huzen yn it gebiet binne ferwoaste. Masud Rahmani, eigener en sjef-kok fan it Afgaanske restaurant yn Ljouwert, komt út de troffen regio.
Syn roots lizze yn de stêd Herat, dat 40 kilometer fan it epysk sintrum fan de beving ôf leit. As 12-jierrige jonge flechte hy foar it oarlochsgeweld yn it lân nei Nederlân, mar syn famylje en kunde wenje noch wol yn it gebiet.
Masud Rahmani sammelet jild yn foar de ierdbevingsslachtoffers fan Afganistan
Rahmani is oandien troch de bylden út it rampgebiet wei. "Ze waren al arm en hadden geen veilige plek", seit er. "Daar komt de aardbeving nog eens bovenop. Erger dan dit bestaat niet."
Op de sosjale media fan syn restaurant docht er in oprop om jild yn te sammeljen. "Ik merkte ook dat gasten graag wilden helpen, maar niet wisten hoe", fertelt er. "Via sociale media kan je veel mensen bereiken."
Met 2.000 euro kun je 2.000 mensen eten geven.
Masud Rahmani, restauranteigener en sjef-kok
Yntusken hat Rahmani sa'n 2.000 euro byinoar helle. Hy is bliid mei it jild, want dat kinne de slachtoffers goed brûke. "Met 2.000 euro kun je letterlijk 2.000 mensen eten geven. Een euro is daar veel waard."
Fol fertriet sjocht Masud Rahmani nei bylden út it rampgebiet © Omrop Fryslân
De opbringst fan de donaasjes stjoert hy nije wike nei in kunde yn Herat. Dy kin dêr help biede yn de foarm fan ûnder oare iten, wetter, tekkens en klean. Dat is neffens Rahmani hurd nedich. "We gaan ook richting de winter. Ze hebben geen huis, geen kleding en geen eten. Het raakt me heel erg."