Hoopje op it skokeffekt mei kampioenemakker De Jong: "Maar hij is geen tovenaar, hè?!"

Henk de Jong © Orange Pictures
"Ze voetballen net zo veranderlijk als het weer", seit in trouwe Cambuursupporter tiisdei, wylst hy nei de training fan it earste team sjocht. It is de dei nei it ûntslach fan Sjors Ultee. Op de tribunes libje de echte fans tusken hoop en freze.
It is even foar 12.00 oere. Boppe it Cambuur Stadion hingje grize wolken, mar de temperatuer is noflik: it is hearlik fuotbalwaar. It fjild wurdt sproeid en de spilers fan it earste binne al dwaande mei de warming-up.
Hoopje op it skokeffekt mei kampioenemakker De Jong
Op de tribunes sitte groepkes supporters. Yn it midden fan de Westtribune sitte in stik of fyftjin manlju, it is in trouwe klup: guon slaan gjin training oer. It ûntslach fan Sjors Ultee is fansels it petear fan de dei. "Ik hoop dat het een schokeffect geeft", seit in man tsjin syn buorman op de tribune.
De trouwe supporters op de Westtribune © Omrop Fryslân
Op it fjild ropt Martijn Barto de spilers by elkoar. Barto stiet tiisdei tegearre mei Jeroen Burghout foar de groep. De spilers dogge in rondo: wa't de bal ferspilet, is de klos, dy moat de bal dan wer besykje ôf te pakken. De stêf wol dat eltsenien yn beweging bliuwt: "Wie stilstaat, moet in het midden!"
Kan het ook zo zijn dat we gewoon een slecht elftal hebben?
In Cambuursupporter
Der liket hast neat feroare yn Ljouwert. Allinnich Ultee is der net mear by. By in part fan de supporters jout dat in ferromme gefoel. Oaren binne skeptysk. "Kan het ook zo zijn dat we gewoon een slecht elftal hebben?"
Martijn Barto en Jeroen Burghout ynstruearje de spilers fan Cambuur © Omrop Fryslân
Dat Henk de Jong oansteld is as nije trainer, is dan noch net bekend. Dochs is der tiisdeitemiddei nimmen dy't deroan twivelet dat De Jong oansteld wurde sil. De man dy't de Ljouwerters yn 2013 en 2021 kampioen makke yn de earste divyzje, hat in protte fans.

Twivels oer taktyske kwaliteiten

Der wurdt loovjend praat oer de minsklike kwaliteiten fan De Jong, dy't altyd tiid hat foar de Cambuuroanhing. Oer de taktyske kwaliteiten fan de oefenmaster is wol twivel. Ald-assistint Sandor van der Heide wurdt sjoen as it masterbrein efter de eardere promoasjes.
In man op de tribune sketst it mei in foarbyld: "Henk was heel enthousiast over Remco Balk. Bij Sandor van der Heide zou hij niet eens op de training staan, heeft hij weleens gezegd."
Sjen nei de training © Omrop Fryslân
Op it fjild dogge de spilers in soarte fan miny-toernoai. De trainers fan tiisdei easkje ynset: tusken de wedstrydsjes troch krije de spilers kwealik in minút rêst. In man mei in fyts yn de hân stiet der mei niget nei te sjen. "Iedereen denkt dat Henk de Jong het zal omdraaien", seit hy tsjin in oare supporter, "maar hij is geen tovenaar, hè?!"
It technyske duo foar ien dei © Omrop Fryslân
Martijn Barto stiet de wedstrydsjes te oersjen. Hy stiet der kalm by: syn tiid as ynterim-haadtrainer sit der al hast wer op, dat moat hy dan al witte. Fan woansdei ôf sil hy him wer skikke yn syn rol as assistint. No net ûnder Ultee, mar ûnder Henk de Jong.
Barto hâldt in baltsje heech, de training sit der hast op. In man mei in bril op hat genôch sjoen. "We houden de moed erin", seit hy, wylst hy syn tomme opstekt. Hy stapt op de fyts en ferlit it stadion. It sintsje brekt troch. As Cambuur sa feroarlik spilet as it waar, soe dit dan in teken wêze?
De sinne komt troch boppe it Cambuur Stadion © Omrop Fryslân