"Doe je nabestaanden een lol en zeg wat je wil": oprop om oer orgaandonaasje te praten

In petear oangean oer orgaandonaasje is prate oer de dea. Dat kin dreech wêze, mar je moatte it net út de wei gean. Dat is de oprop fan de transplantaasjestichting yn de wike fan it donorpetear.
"Het hoort een thema te zijn", seit Rik Gerritsen. Hy is yntinsivist yn sikehûs MCL yn Ljouwert en foarsitter fan de kommisje orgaandonaasje fan de NVIC (Nederlandse Vereniging voor Intensive Care).
Prate oer de dea is de libbensline foar minsken dy't wachtsje op in donor
Gerritsen hâldt him yn de regio Noard dwaande mei orgaandonaasjes. "We merken dat families daar thuis niet over praten." Yn de praktyk docht bliken dat minsken oerfallen wurde as in pasjint yn krityke tastân leit en de yntinsivist mei de famylje it donaasjepetear begjint.
Je kinne yn it donorregister registrearje litte oft je wol of net donor wêze wolle. Ek kinne je fêstlizze dat in oar it beslút nimt. Meitsje je gjin kar, dan steane je automatysk mei 'geen bezwaar tegen donatie' yn it register. Eltsenien fan 18 jier ôf stiet deryn.
Bastiaan Schurink fan Ljouwert krige syn earste nier doe't hy achttjin wie. De diagnoaze wie nierfalen. De ympakt wie grut. Alle plannen dy't hy hie, waarden fan tafel fage. "Bij mij ging het heel snel. Ik kreeg de diagnose en vijf dagen later lag ik al aan de dialyse."

Der kaam ek fuort de fraach oft ien in nier ôfstean woe. "Niemand in mijn omgeving had daar ooit een seconde over nagedacht. Godzijdank besloten mijn ouders dat traject in te gaan en heeft mijn moeder een nier afgestaan."
Schurink hie gelok. Doe't hy oan de dialyze-apparatuer lei, seach er dat oaren yn dat trajekt fuortfoelen. "Dat is hartverscheurend. Ik was zeventien, maar er liggen ook kinderen die een orgaan nodig hebben, oudere mensen. Je zit allemaal in hetzelfde schuitje."
Schurink is bliid mei de wike fan it donorpetear. "We weten dat we allemaal dood gaan, maar dat moment schuiven we het liefst ver voor ons uit."
"Praten over de dood"
Dat it lestich is, is logysk, seit ek Gerritsen. "Als je over donatie praat, praat je ook over de dood. Het is van groot belang om dat gesprek zelf te voeren met je dierbaren, anders zadel je anderen met een onmogelijke opdracht op, mocht het ooit zo ver komen."
Doe je nabestaanden een lol en zeg wat je wilt.
De donorwet is dúdlik: as je neat oanjouwe, binne je donor. "Daarmee overval je families soms wel. Als je er niet over gesproken hebt met je nabestaanden, dan kan je verrast worden door de dokter met de mededeling: 'Uw geliefde staat geregistreerd als geen bezwaar hebbende tegen donatie, dus eigenlijk willen wij zijn wil uitvoeren en overgaan tot orgaandonatie'. Als je daar als familie dan nooit eerder over gesproken hebt, kan zo'n mededeling best schokkend aankomen."
Gjin beswier
It probleem sit him der neffens Gerritsen yn dat in soad minsken noch net troch ha dat 'gjin beswier' betsjut dat je tastimming jouwe om organen te transplantearjen.
"In de toekomst zullen we gaan zien dat mensen die vraag veel gewoner gaan vinden en hem zelfs verwachten. Op dit moment is dat nog niet zo. Doe je nabestaanden een lol en zeg wat je wil. Als dat een 'ja' is, is dat fantastisch. Een 'nee' is ook goed. Geef duidelijk aan wat je wilt."
Dy oprop docht ek Schurink. "Het is zo zonde als het wel de intrinsieke wens is van de persoon die is overleden. Helaas gaan er op deze manier veel organen verloren. Het is zo essentieel hier het gesprek over aan te gaan. Het is geen gemakkelijk onderwerp, maar het is wel echt nodig."