'Ultee koe net op tsjin it sentimint by Cambuur, mei Henk de Jong op de achtergrûn'

Dat Sjors Ultee dien krigen hat by SC Cambuur, kin net los sjoen wurde fan de beskikberheid fan Henk de Jong. Dat is de lêzing yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Moandei waard bekend dat de klup harren trainer op non-aktyf set hat. It romme ferlies (5-2) tsjin FC Dordrecht wie de drip foar de Cambuurdireksje. "It wie in fulkaan dy't broeide en moandeitemiddei útbarsten is", seit sportferslachjouwer Andor Faber oer it ûntslach fan Sjors Ultee.
'Opportunistysk beslút'
Dêr hat ek Henk de Jong in rol yn spile, tinkt sportferslachjouwer Geert van Tuinen. "Der hinget in apart sentimint om dizze klup hinne, mei Ultee as haadtrainer en De Jong dy't frij lûd hearre lit dat er haadtrainer wêze wol."
"Dat is nei bûten ta korrekt, mar sa lânet dat net by de hurde kearn fan Cambuur", ferfolget Van Tuinen. "En dat sentimint, dêr is net tsjinoan te wrotten troch Ultee."
Sportferslachjouwer Roelof de Vries fynt it in opportunistysk beslút fan de Cambuurdireksje. "Ik hie it moai fûn as de direksje suver sjoen hie nei it funksjonearjen fan Ultee en op basis dêrfan besluten hie. Ik ha no sterk it gefoel dat se dat net dien ha en it sentimint rûn De Jong meiteld hawwe."
Sportklup Hearrenfean helle nei fiif nederlagen op in rige wer in puntsje (1-1) tsjin NEC. De stoarm om trainer Kees van Wonderen hinne liket wer wat te lizzen. Dat is in hiel ferskil mei Cambuur, sjocht sportferslachjouwer Andor Faber. "Emoasje yn Ljouwert foar ratio by Hearrenfean oer."
Der binne noch wol genôch ferbetterpunten by de Feansters. Ien dêrfan is it wikseljen fan de trainer, seit sportferslachjouwer Roelof de Vries. "Van Wonderen wikselet hiel behâldend. Hy bringt Ion Nicolaescu hiel let. En Melle Joop Witteveen ek."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.