André Boers wennet yn Israel: "De schuilkelder is alvast ontruimd"

Sa'n sechstich jier wennet André Boers yn Israel. No't de oarloch útbrutsen is, heart er de gefjochtsfleantugen de hiele tiid boppe de holle razen. "Er was hier niet eerder een oorlog als deze."
Doe't André Boers sneontemoarn de tv oansette, wie it him fuortendaliks dúdlik: it is oarloch. "Daar hadden we de mededeling van president Netanyahu niet voor nodig."
Skûlkelder klearmeitsje
Boers is de soan fan Mimi Dwinger en Barend Boers, dy't yn 1939 yn Ljouwert trouden en bekend binne fan it boek en foarstelling De Joodse Bruiloft. Sa'n sechstich jier lyn ferhuze er nei Israel.
Hy wennet sa'n 150 kilometer benoarden de Gazastrook. "Je merkt er hier daarom niet veel van. Behalve dat er de hele dag door gevechtsvliegtuigen langskomen. Dat komt omdat de luchtmachtbasis hier vlakbij zit", seit Boers. "De schuilkelder is alvast ontruimd." Hy slút nammentlik net út dat Hezbollah him mingt út Libanon wei. "Dat ligt hier dichterbij."
De terroristen gingen van huis naar huis. Met mitrailleurs en granaten vermoordden ze iedereen op hun weg.
"Hamas is er om onbegrijpelijke redenen in geslaagd om de grens van Israël over te steken. Langs of door prikkeldraad en muren. Met honderden terroristen, van de allerergste soort." Dat barde sneontemoarn, de rêstdei yn it joadedom.
"Binnen de kortste keren hebben ze 22 dorpen rondom de Gazastrook in Israël bezet. De terroristen gingen van huis naar huis. Met mitrailleurs en granaten vermoordden ze iedereen op hun weg. Ook baby's en ouderen." It doel wie deameitsje, seit Boers. "En vanuit hun oogpunt kun je daarom zeggen: het was een groot succes."
Roelof Kingma fan Ternaard heart doffe knallen op 'fakânsje' yn Israel
Roelof Kingma fan Ternaard siet freed bûten te genietsjen fan syn lêste fakânsjejûn yn Israel. Alteast, dat tocht er. De oare moarns bruts de oarloch út. En dus is Kingma noch hieltyd yn it lân.
"We hoorden zaterdag doffe knallen. Dat waren raketaanvallen op Tel Aviv, hier dertig kilometer vandaan", seit er by it programma Goeiemiddei. "Het is bizar om dit mee te maken. Alle huizen hier in het dorp hebben een saveroom. Als het gevaarlijk wordt, kunnen we daar in schuilen."
Bewenners fan Israel binne wend om mei gefaar te libjen, seit er. "Maar het werd al snel duidelijk dat dit in 50 jaar niet is gebeurd."
Kingma fljocht nei ferwachting woansdei wer nei Nederlân.
It is net de earste kear dat Boers in oarloch yn Israel meimakket. Sa ferwiist er nei 1973. Doe bruts de Jom Kippoeroarloch út. Op dizze Joadske feestdei waard Israel oanfallen troch Egypte en Syrië. Boers focht doedestiids mei as offisier.
"Maar er was niet eerder een oorlog als deze. De aanval was destijds net zo verrassend, alleen werd Israël toen aangevallen door legers. Nu gaat het om een bende terroristen."
Boers fertelt dat mei de hightechbewapening fan no, it leger fan Israel folslein taret wêze moatte soe. Mar it regear gie op 'kolossale wijze' ûnderút. It falen fan 1973 is dêrby neffens him lyts. "In ieder normaal land zou een premier aftreden na wat hier nu gebeurt. Maar Israël is geen normaal land. Netanyahu zal zijn excuses wel vinden."
Iran en Hamas bewapenen elkaar via ondergrondse tunnels.
"Het is bekend dat Iran en Hamas nauw samenwerken", seit Boers oer de oanlieding fan de oarloch. "En ook dat Iran en Hamas elkaar bewapenen via ondergrondse tunnels. Het gaat daarbij om tienduizenden raketten en andere militaire apparaten."
Honorêr konsul krekt werom út Gazastrook: "Unwêzentlik. Sfear wie bûtengewoan posityf"
Arjen Lont fan Ljouwert is honorêr konsul yn Israel. Flak foar de oarloch begûn, wie er tegearre mei syn frou yn dit lân. "Wy hawwe sels noch by de Gazastrook west. Der wie in bûtengewoan positive sfear. It Loofhuttenfeest waard fierd."
"It is dan ek ûnwêzentlik dat der net lang dêrnei tûzenen raketten ôffjurre binne en striders fan Hamas oer de stekken klommen."
Lont bidt dat der gau frede komt yn it gebiet. Mar hy is net posityf stimd. "Hezbollah driget Israel ferneatigje te wollen. En wat sil Iran dwaan. It driget kompleet út de hân te rinnen. Ik bin bang dat wy op in tredde wrâldoarloch ôfstevenje."
Iran is in fijân fan Saûdy-Arabië. Yn 'e moslimwrâld smyt Saûdy-Arabië har op as lieder fan 'e soeniten, Iran fan 'e sjiïten. De spanningen tusken de twa lannen binne dêrom grut.
Belangen fan Iran
"Iran is bang dat Saoedi-Arabië en Israël tot elkaar zullen komen. Ik sluit daarom niet uit dat Iran om die reden Hamas heeft geïnstrueerd om een oorlog te beginnen. Zo kan de toenadering tussen de twee landen worden ondermijnd", seit Boers. "Al lange tijd wordt er een grote oorlog voorspeld onder de Arabieren."
Israel en Palestina hawwe tegearre in lange, en spande skiednis. Boers wiist ûnder mear nei 1967, it jier fan de Zesdaagse Oorlog. Israel eigene him in grutter gebiet ta. "We moeten in Israël onze opvattingen over bezettingen veranderen en een oplossing vinden met de Palestijnen."
'Dan niet de laatste oorlog'
De Palestinen hawwe neffens him rjocht op ûnôfhinklikheid. "Hopelijk kan Israël daarover om tafel gaan met landen als Amerika en Saoedi-Arabië. Anders is dit zeker niet de laatste oorlog", seit Boers.
"Misschien kan deze oorlog de Israëlische houding veranderen. Dat is dan natuurlijk heel erg laat. Maar hopelijk niet té laat."