Gjin Israelyske flagge op it Provinsjehûs yn Ljouwert

De Israelyske flagge wurdt net útstutsen op it Provinsjehûs yn Ljouwert. Dat is moandeitemiddei besletten troch it kolleezje fan Deputearre Steaten.
Der is gjin lanlike 'flagge-ynstruksje', en dus meie legere oerheden sels beslute. No't der gjin oanwizing is om de Israelyske flagge út te stekken, wurdt dat dus ek net dien.
"It komt miskien wat klinysk oer", neffens kommissaris fan de Kening Arno Brok. "Wy hantearje it protokol fan it ryk. Oars krije je 'willekeur'. Wêr leist oars de grins? Dat is in drege diskusje."
Brief
Deputearre Steaten stjoere wol in brief nei de Israelyske ambassade, wêryn't soarch útsprutsen wurdt oer it geweld yn de regio. "En ik bin fan doel om takom jier nei Israël te gean", neffens Brok.
De gemeente Ljouwert folget de provinsje. Ek op it Ljouwerter stedhûs komt de Israelyske flagge net te hingjen.
Noardeast-Fryslân hyst flagge wol
De gemeente Noardeast-Fryslân folget in oare line. Dêr wapperet de flagge fan Israel moandei. "Wy dogge dit ta stipe fan de Israelyske befolking en om't in protte fan ús ynwenners harren djip ferbûn fiele mei Israel", seit boargemaster Johannes Kramer.