Liveblog
|
9 oktober
112-nijs 9 oktober: Wenning Burgum sletten fanwegen yllegale prostitúsje
Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 9 oktober, 19:05
19:05
Wenning Burgum sletten fanwegen yllegale prostitúsje
In wenning oan de Zandberg yn Burgum is sletten om't der sprake wêze soe fan yllegale prostitúsje.
It kolleezje fan Tytsjerksteradiel hat dat beslút naam nei oerlis mei de plysje.
Wannear't de yllegale prostitúsje wie en oft der minsken oanholden binne, is net bekend.

16:10
Wein mei mais om by Dokkumer Nije Silen
In trekker mei in oanhinger fol mais is moandeitemoarn kantele op de Willem Loréweg by Dokkumer Nije Silen. De dyk lei oersiedde mei mais en moast dêrom in skoft ticht.
By it ûngelok rekke nimmen ferwûne. Hoe't de oanhinger krekt kantelje koe, is net dúdlik.

14:07
Wurk oan N355 tusken Noardburgum en Twizel: dyk jûns en nachts ticht

Ferkear op de N355 tusken Noardburgum en Twizel moat fan moandeitejûn ôf rekken hâlde mei fertraging. Om 20.00 oere begjint in oannimmer mei wurksumheden oan de provinsjale dyk. It wurk duorret oant de betide moarn fan 28 oktober.
Tusken 20.00 oere en 06.00 oere is de dyk ôfsletten. Oerdeis kin ferkear noch wol by de wurksumheden del ride.
Nij asfalt
Op it trajekt tusken Noardburgum en Twizel wurdt de haadrydbaan oanpakt. Sa wurdt bygelyks it âlde asfalt fuorthelle en ferfongen.
11:58
Ljouwerter (28) drugsrider oanhâlden by Hurdegaryp
De plysje hat ôfrûne sneontejûn by Hurdegaryp in 28-jierrige automobilist oanhâlden. De Ljouwerter waard by de Ryksstrjitwei oanhâlden op fertinking fan it riden ûnder ynfloed fan drugs.
Nei in flibetest die bliken dat dat yndied sa wie. De plysje hat de man heard, bloed ôfnommen en in rydferbod foar 24 oeren jûn.