Cambuur jout trainer Sjors Ultee dien, Henk de Jong beëage opfolger

De ûntgûcheling is grut by Sjors Ultee as syn ploech mei 5-2 ferliest fan FC Dordrecht © Dijks Fotografie
Sjors Ultee is net langer de trainer fan SC Cambuur. De Ljouwerter fuotbalklup hat him moandei dien jûn nei trije nederlagen op rige. Hy wurdt nei alle gedachten opfolge troch Henk de Jong.
Freedtejûn gie it mis tsjin FC Dordrecht (5-2). Dêrfoar ferlearen de Ljouwerters al fan Jong FC Utrecht en Jong PSV. Cambuur stiet yntusken alfde yn de Keuken Kampioen Divisie en dat is by de direksje en de kommissarissen fan Cambuur as in mokerslach binnenkaam.

Sjors Ultee

Ultee wie trainer fan Cambuur sûnt novimber ferline jier. Hy naam it stokje oer fan ynterim-trainers Pascal Bosschaart en Martijn Barto, dy't oan it roer stiene om't Henk de Jong troch in kyste yn de holle net by steat wie haadtrainer fan Cambuur te wêzen.
Yn de twadde seizoenshelte slagge de Utrechter der net yn om Cambuur yn de earedifyzje te hâlden. By syn oantreden stie de klup ien-nei-lêste en dat wie oan de ein fan it seizoen ek de posysje fan Cambuur. Dêrtroch wie degradaasje nei de earste divyzje in feit.
Sjors Ultee en Henk de Jong © Orange Pictures
Nei de simmerstop sette de formaasje fan Ultee aardich útein mei trettjin punten út seis wedstriden, mar dêrnei gie it rap minder mei trije nederlagen op rige. It ferlies tsjin FC Dordrecht hat de lêste drip west.

Henk de Jong

Klupikoan Henk de Jong liket de logyske opfolger fan Ultee. Hy stiet al ûnder kontrakt by de klup en wurdt oanbidden troch de supporters.
De fans fan Cambuur hawwe harren de lêste wiken al faker hearre litten. Sa waard de namme fan De Jong ferline wike skandearre, doe't Cambuur mei 2-0 efterkaam tsjin Jong PSV.
As De Jong it oernimt fan Ultee, dan is Sandor van der Heide de beëage assistint-trainer. It twatal wurke earder ek al gear, oant Van der Heide de fuotbalwrâld ferliet fanwege syn oare wurksumheden.