De Prins Bernhardstraat, kin dat noch? "Ik soe der net mear wenje wolle"

De Prins Bernhardstraat yn Grou © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
De namme fan Prins Bernhard is yn Fryslân yn it iepenbier te finen yn ferskate strjitten en op in basisskoalle. Kin dat noch wol no't de prins (op 'en nij) yn opspraak rekke is?
Prins Bernhard kaam ôfrûne wike yn it nijs fanwegen syn lidmaatskap fan de NSDAP, de partij fan Adolf Hitler en de nazi's, yn de jierren '30.
Yn Fryslân fynst trije kear de Prins Bernhardstraat yn Ljouwert, Burgum en Grou. Op De Jouwer en yn Frjentsjer hawwe se de Prins Bernhardlaan. De Bernhardstraat leit yn Drylts, en de 'gewoane' Bernhardlaan leit yn Bûtenpost, Kollum, Wolvegea en Mullum, wylst je yn Ie wenje kinne yn de Bernhardstrjitte.

Prins Bernhardschool

Oan de Bernhardlaan yn Kollum geane de skoalbern alle dagen nei de Prins Bernhardschool ta.
"Wy ha it der fansels wol efkes oer hân op skoalle doe't it nijs fan 'e wike nei bûten kaam," seit direkteur Aliza Visser. "De skoalle hat de namme al sûnt de jierren 60, en dat bliuwt ek sa. Wy lizze leaver de fokus op ús ûnderwiis."
De namme fan Prins Bernhard is werom te finen yn it iepenbiere libben yn Fryslân
Gjin oare namme foar de basisskoalle yn Kollum dus. Mar hoe sit it mei de strjitten en leanen yn ús provinsje?
Yn prinsipe giet in gemeente oer nije strjitnammen. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders stelt se fêst yn gearwurking mei in spesjale kommisje. Dat kinne gemeenteriedsleden, histoarisy of buertbewenners wêze.

Petysje De Lemmer

Op De Lemmer is twa jier lyn noch de namme fan it plein yn it doarp oanpast. Dat wie it Burgemeester Krijgerplein, mar ûndersyk die bliken dat hy 'fout' wie yn de Twadde Wrâldoarloch.
"Wy binne doe in petysje begûn", fertelt Lemster Hendrik Bootsma. "Dat smite hûnderten reaksjes op en dy ha we oanbean by de wethâlder. It hiele proses hat sa'n oardel oant twa jier duorre, mar doe is de namme fan it plein feroare yn Markt.
Ik soe net wenje wolle yn de Prins Bernhardstrjitte. Mar dy ha we gelokkich ek net hjir op De Lemmer.
Lemster Hendrik Bootsma, dy't soarge foar in oare namme fan it doarpsplein op De Lemmer
Bootsma is bliid dat der gjin strjitte ferneamd is nei Bernhard op De Lemmer. "Ik soe der yn elts gefal net mear wenje wolle. We ha hjir wol in wyk mei strjitten ferneamd nei fersetshelden, en fansels it Prinses Margrietkanaal. Mar aldergeloks sit Bernhard der net by hjir."
Der is noch gjin gemeente west dy't seit nei te tinken oer in oare namme foar in strjitte ferneamd nei de prins. Al ûntstie der yn Deventer opskuor, skriuwt deiblêd De Gelderlander. De buordjes fan de Prins Bernhardstraat dêr waarden swart farve nei't it nijs oer syn lidmaatskip by de NSDAP nei bûten kaam.

Prins Bernhard Kultuerfûns

Prins Bernhard is fierder eareboarger fan Wageningen. Wat boargemaster Floor Vermeulen fan de stêd oanbelanget bliuwt dat ek sa.
It Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân wol neat sizze oer in eventuele oanpassing fan de namme. Kommissaris fan de Kening Arno Brok, foarsitter fan it fûns, ferwiist dêrfoar troch nei de lanlike organisaasje.