By akute hertstilstân is yn Fryslân hieltyd flugger in boargerhelpferliener teplak

Situaasjes wêrby't sprake is fan in akute hertstilstân kinne yn Fryslân hieltyd faker rekkenje op rap yngripen. Dat docht bliken út sifers fan HartslagNu, de organisaasje dy't de fersprieding en it gebrûk fan AED's stimulearret.
In eksakte ferklearring foar de ferbettere helpferliening is net te jaan, mar feit is dat boargerhelpferlieners rapper yn aksje komme yn gefal fan in needoprop.
Yn totaal wiene der ferline jier 532 oproppen oan frijwilligers yn Fryslân. By hast njoggen fan de tsien fan dy oproppen kaam in frijwilliger opdaagjen, dy't in AED betsjinje kin. In hiel stik mear as trije jier earder. Yn 2019 kaam der noch mar by seis op de tsien gefallen in frijwilliger yn aksje.
Kardiolooch Pier Woudstra fan it MCL herkent dit ek yn it sikehûs. "De kâns om in hertstilstân te oerlibjen is mei hast 50 prosint tanaam, trochdat boargerhelpferlieners ynset wurde."
By akute hertstilstân is yn Fryslân hieltyd flugger in boargerhelpferliener teplak
Woudstra fertelt dat ek yn it sikehûs in soad ferbettere is yn de behanneling fan in hertstilstân. Dochs wol hy ek mei klam sizze dat it essinsjeel is dat in pasjint fuortendaliks nei in ynfarkt de bêst mooglike soarch krijt. Dêrmei wurdt de kâns op in goed werstel yn de dagen en wiken dernei folle grutter.
Mei oare wurden: oft it no thús is, op it sportfjild of yn de supermerk, kundich hanneljen troch in boargerhelpferliener is fan belang foar de werstelkânsen fan de pasjint.
AED stiet foar Automatische Externe Defibrilator, in draachber apparaat dat by in hertstilstân it hertritme wer kin werstelle. Hoe earder oftst in AED ynsetst, hoe grutter de oerlibbingskâns. Sa'n apparaat wurdt by foarkar betsjinne troch in boargerhelpferliener dy't reanimearje kin en ûnderfining hat mei in defibrilator.
Fan alle Fryske gemeenten binne der fjouwer dêr't ferline jier in opkomst wie fan 100 prosint. Dat binne Amelân, Dantumadiel, Opsterlân en Flylân. Harns is de gemeente mei de leechste opkomst. Yn acht fan de tsien gefallen kaam dêr in frijwilliger teplak.
Op De Gordyk jout Edwin Pietersma BHV-kursussen en is hy sels frijwilliger. Hy is dêrom tige bliid om te hearren dat it sa goed giet yn syn gemeente.
In boargerhelpferliener wit dat hy ien fynt dy't der eins net mear is.
"Is it net fantastysk? Dêr binne we grutsk op!", seit Pietersma. "It is moai om te sjen dat minsken it dochs oandoare. Ik begryp dat it bêst wol in drompel is om in hûs yn te stappen", fertelt er.
"In boargerhelpferliener wit dat hy ien fynt dy't der eins net mear is en dat er syn bêst dwaan moat om it foarinoar te krijen dat ien it oerlibbet. Dat is heftich en it hat in grutte ympakt."
Opfallend
Dat Fryslân hege opkomstsifers hat, is opfallend. Want by sawol de fersprieding fan de AED's yn de provinsje, as it oantal beskikbere frijwilligers de AED stiet Fryslân as provinsje ûnderoan yn fergeliking mei de oare provinsjes. Dochs stiet Fryslân yn de middenmoat as it giet om opkomst by in needoprop.