Noppert dochs oproppen foar Nederlânsk alvetal troch ôfwêzigens Flekken

Andries Noppert is dochs taheakke oan de seleksje fan Oranje foar de kommende ynterlânperioade. De keeper fan sc Hearrenfean siet al by de foarseleksje, mar foel ôf foar de definitive seleksje.
Der is no in plak frijkommen trochdat bûnscoach Ronald Koeman gjin berop dwaan kin op keeper Mark Flekken fanwegen sykte. Flekken die ôfrûn wykein ek al net mei by syn klup Brentford. Noppert spile syn lêste wedstriid foar Oranje tsjin Argentinië op it WK yn desimber.
Freed 13 oktober stiet de earste wedstriid foar de EK-kwalifikaasje op de planning tsjin Frankryk. It is noch net dúdlik wa't dan ûnder de latte stiet.