In oerskot oan sinne-enerzjy? Frysk bedriuw makket der wetterstof fan

© Douna masinefabryk
MKB-bedriuwen mei sinnepanielen op it dak dy't stroom oer hawwe, kinne dêr ek hiel goed wetterstof fan meitsje, om de enerzjy letter sels wer te brûken as de sinne net skynt.
Foar eltsenien mei sinnepanielen is it in bekend probleem: de iene kear wekke se tefolle stroom op, de oare kear te min. Masinefabryk Douna op bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert wol de oplossing produsearje.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Dat moat in saneamde 'elektrolyzer' wurde. It bedriuw hat oant no ta trije prototypes yn eigen behear ûntwikkele. Dizze moanne is it tredde prototype fan trije meter breed en twa meter heech foar it earst te sjen op in duorsumheidsbeurs yn Noarwegen.
"Wy hawwe ús spesifyk rjochte op in lytsere elektrolyzer dy't geskikt makke wurdt foar it MKB. Mei ek goedkeapere materialen", seit direkteur Ale Procée.

CV-ynstallaasje op wetterstof

De produksje en de tapassing is folop yn ûntwikkeling op dit stuit. Sa wurdt der wurke oan frachtauto's dy't op wetterstof ride kinne. Mar de produksje fan wetterstof wurdt benammen oan grutte enerzjybedriuwen oerlitten.
Dochs lizze der ek kânsen foar lytsere bedriuwen, sa tinke se by Douna. "Dat is in tydline yn ûntwikkeling, mar gruttere MKB bedriuwen soene oanwende kinne om mei in elektrolyzer wetterstof op te wekken en oan te wenden. Bygelyks foar eigen gebrûk, tink oan in CV-wetterstof-ynstallaasje. Mar kinst it ek mei in trailer ophelje litte."