Liveblog | 8 oktober 2023

112-nijs 8 oktober: Fytser ferwûne nei botsing mei motorrider | Ferwûne by wenningbrân op It Fean

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 8 oktober 2023, 17:22
17:22

Fytser ferwûne nei botsing mei motorrider

© ProNews
Op de Alde Kommisjewei by Noardburgum is fan 'e middei in fytser ferwûne rekke nei in botsing mei in motorrider. It slachtoffer is op it plak fan it ûngelok op ferwûningen kontrolearre troch ambulânsepersoniel en is dêrnei nei it sikehûs ta brocht. De motorrider mankearre neat.
15:55

Skuorre yn 'e brân yn Jirnsum

© SRFotografie
By in brantsje yn Jirnsum is fan 'e middei in soad reek frijkaam. In skoarre oan de Douwemastrjitte stie yn 'e brân.
Doe't de brânwacht teplak wie, wie it fjoer ek al gau út. Dêrnei is de skuorre noch fentilearre.
12:21

Persoan ferwûne by wenningbrân op It Hearrenfean

De helptsjinsten op de Kievitstraat © ProNews Producties
Op It Hearrenfean is in persoan ferwûne rekke by in wenningbrân oan de Kievitstraat. De helptsjinsten krigen krekt foar it middeisoere in melding, wêrnei't al fluch opskaald waard nei 'middelbrân.' De plysje en brânwacht hawwe it slachtoffer út it hûs wei helle. Troch ambulânsepersoniel is de persoan behannele.
It die bliken dat der in matras yn 'e brân stie yn in sliepkeamer. De brânwacht hat it fjoer útmakke en it hûs fentilearre.
12:05

Motorrider ferwûne rekke by Menaam

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Yn Menaam is snein in motorrider ferwûne rekke by in ûngelok. De man wie mei in groepke oaren oan it toeren. Hy woe in trekker ynhelje en rekke doe links yn de berm en gie ûnderút. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De plysje is op it plak kaam om de saak ôf te hanneljen.
11:17

Auto tsjin beam botst by Beetstersweach

© ProNews Producties
Op de Poostweg by Beetstersweach en Olterterp is snein in auto tsjin in beam botst. Nei alle gedachten woe de bestjoerder útwike foar in oare auto, mar kaam dêrtroch sels yn de problemen.
In ambulânse is nei de Poostweg kaam foar de medyske kontrôle fan in ynsitter, mar dy wie net ferwûne. De plysje hat ûndersyk dien nei it ûngelok, de dyk troch de bosk hat tydlik ticht west. Yntusken is de auto troch in berger fuorthelle.