Frisisten presintearje har wurk tenei op in nij online taalplatfoarm: 'Frisistyk'

It platfoarm Frisistyk © Frisistyk
Yn Ljouwert is freed 'Frisistyk' lansearre, in online platfoarm foar de Fryske taal- en letterkunde en alles wat dêrmei gearhinget. It platfoarm is ferbûn oan de Fryske Akademy en Neerlandistiek.nl.
Neist publikaasjes oer de Fryske taal- en letterkunde en skiednis wol Frisistyk ek ûnderwerpen as it Frysk taalbelied, it Frysk yn it ûnderwiis en literatuer de romte jaan. Fierder sille der ek útstapkes makke wurde nei oare Fryske talen lykas it Noardfrysk en Sealterfrysk.

Foar in breed publyk

It platfoarm is bedoeld om frisisten in plak te jaan om harren wurk te dielen. Der wurdt in soad ûndersyk dien nei it Frysk, mar de Fryske Akademy wol dat net allinne binnen it eigen, wittenskiplike fakgebiet diele.
Want ek foar in breed publyk binne de resultaten nijsgjirrich, likegoed op lokale as op nasjonale skaal. Frisistyk wol 'tagonklik en leechdrompelich' wêze. "It is in manier om ús wurk te presintearjen oaninoar, oan de nije generaasje ûndersikers en oan in breder publyk."
Anne Merkuur op de presintaasje fan it platfoarm © Fryske Akademy
Op de webside binne bygelyks artikels te finen oer mooglike genderneutrale foarnamwurden yn it Frysk, twa eksimplaren fan it midsiuwske Freeska Landriucht en de ynfloed fan it Biltsk en Stedfrysk op it Frysk.

Neerlandistiek

Frisistyk is in útwreiding fan Neerlandistiek.nl, in webside dy't ferbûn is oan it Meertens Instituut en dy't publisearret oer de Nederlânske taal- en letterkunde en taalbehearsking.
Yn Café Neushoorn wie in feestlike gearkomste om Frisistyk te presintearjen. Dêr kamen ek Marc van Oostendorp (haadredakteur fan Neerlandistiek.nl) en Anne Merkuur (universitêr dosint Fryske taal en kultuer) oan it wurd.