Pippi Langkous-oersetter Martsje de Jong kin bergen fersette
Se waard ûnder oare bekend as oersetter fan Pippi Langkous en fan de boeken fan Jochem Myjer yn it Frysk. Mar Martsje de Jong docht folle mear. Sa skreau se in boek oer it doarp fan har jeugd Penjum. In 'stoeptegel' fan mear as twa kilo swier. "We moatte ophâlde, seinen we."
Martsje de Jong fan Bitgum hat in soad by de ein. Se is skriuwer, oersetter, redakteur-korrektor en praat ien kear yn de moanne foar Omrop Fryslân-radio oer Fryske boeken. Se is ek noch dwaande mei muzyk, is aktyf foar de tsjerke en foar de gemeenteried.
Penjum
Se komt eins fan Penjum. As lyts famke woe se boer wurde, krektlyk as har heit. Se gie nei de hegere lânbouskoalle, mar soe gjin boer wurde. It bûtenlân luts.
Se rûn staazje yn Denemarken en it lêste part fan har stúdzje die se yn Dublin ûndersyk nei fertarring fan foer by skiep.
Ierlân
Wa't Ierlân seit, seit Gaelic. Op it wurd 'slàinte' foar 'tsjoch' en noch in koart sintsje nei, ken se gjin Gaelic. De twataligens yn Ierlân makke har wol bewust fan it feit dat Friezen ek in eigen taal hawwe en dat dy omtinken fertsjinnet. Ast wolst dat dy bestean bliuwt, moatst dêr wat foar dwaan.
Frysk
Ynteresse foar it Frysk waard har thús al mei de brijleppel yngetten. Sûnder del te sjen op it Nederlânsk, waard se as famke oanmoedige om Frysk te praten tsjin Nederlânsktalige boarters. Dat ferstean se ek wol, waard der dan sein. Fêsthâlde oan wa'tst bist en trou bliuwe oan dysels, wie it devys.
Op de basisskoalle waard wol wat oan Frysk dien, mar op de middelbere skoalle net. Martsje hie yntusken al leard om tsjin elkenien altyd yn it Frysk te begjinnen.

Doe't se op de hegere lânbouskoalle in ferslach, dat yn in oare taal as it Nederlânsk skreaun wêze moast, ynlevere yn it Frysk, waard dat net akseptearre. Se gie yn diskusje mei de dosint en wist úteinlik har gelyk te heljen by de direkteur.
Boek oer Penjum
Martsje hat in soad dien foar de Fryske taal. Sa hat se ûnder oare Pippi Langkous en twa berneboeken fan Jochem Myjer yn it Frysk oerset. Koartlyn ferskynde der in mânske biografy oer it doarp Penjum mei ferhalen fan har hân en foto's útsocht troch Sjoerd Vriezema. Doe't se wisten dat it boek hiel dik wurde soe, seine se tsjin elkoar. "No moatte we ophâlde."
Se komt soms noch wolris yn Penjum, want har suster wennet der noch. Mar, fertelt se, hoe âlder ast wurdst, hoe mear it ferline ûnder in laachje nostalgy komt te sitten. Sa't it wie, fynst it net mear.

Martsje sit by it dichterskollektyf Rixt dat meikoarten fiif jier bestiet. Sels hat se gjin dichtbondels útbrocht, mar it kollektyf stiet ek iepen foar leafhawwers fan Fryske poëzij. Rixt is online dwaande en organisearret ek dichtersjûnen.
Elmar Kuiper
Frysk is wichtich foar har. Wat har hiel bot steurt, is dat Frysk dichter en frontman fan de muzykgroep 'De Tigers fan Greonterp' Elmar Kuiper yn Fryslân ûnderskat wurdt. Hy is miskien wol de bêste dichter fan Fryslân, fynt se. Mar ast hjir de kop boppe it meanfjild útstekst, moat dy derôf.
In no wurdearre dichter as Tsjêbbe Hettinga hat de hiele wrâld oer west mei syn poëzij. Elmar Kuiper is ek ien dy't nasjonaal en ynternasjonaal dwaande is. Sa binne bygelyks tachtich gedichten fan him yn oersetting útbrocht yn Yndia. Yn Fryslân lûke se dêr de skouders oer op, seit Martsje.
Kuiper syn nijste bondel hat yn de Nederlânske parse positive kritiken krige. Hy stiet aansen op de 'Nacht van de poëzie' yn Utrecht. Dochs litte de media him wat lizze. Wêrom eins?
Naïve idealist
Martsje neamt harsels in idealist. Gelokkich wol in naïve idealist, seit se der ek fuortendaliks by. Se wol dingen graach feroarje. Lykwols, se begjint it leauwen dat dat ek echt mooglik is, stadichoan te ferliezen.
Mar soms is it better wat moais te ferliezen as datst it nea hân hast. Wurden fan dy strekking stean - yn it Limburchsk fansels - yn in liet Heilige Anthonius fan Rowwen Hèze dat op har listje stiet.
It docht har tinken oan de lêste wiken fan har heit. Hy stoar tweintich jier ferlyn doe't se krekt har earste dochter krigen hie. Yn dy tiid kamen libben en dea, begjin en ein byinoar. Alhoewol't it ferstjerren as in swurd fan Damocles boppe harren hong, sjocht se ek it moaie fan de lêste pear wiken dy't se mei-inoar hân hawwe.
Sels hoecht se net hiel âld te wurden, seit se. Se is no 47 jier. Oftakeling liket har ferskriklik. En, lykas earder sein: ast âlder wurdst, komst derachter datst dyn idealen net mear ferwêzentlikje kinst. Ien foar ien falle se ôf.
Muzyk fan Martsje de Jong
Artyst | Titel |
Rowwen Hèze | Heilige Anthonius |
Muse | Uprising |
Tigers fan Greonterp | Komst wer thús |
Cornelis Vreeswijk | Jantjes blues |