In krúsrak troch Wynpark Fryslân: foar silers is de Windmillcup in spektakel

© Windmill Cup
It is in bysûnder gesicht: sa'n 140 platboaiems en jachten giene de striid mei-inoar oan tusken tal fan wynmûnen. De Windmillcup op de Iselmar fleach dwers troch Wynpark Fryslân.
Yn it wynpark yn de mar steane 89 grutte wynturbinen. It is it grutste wynpark op 'e wrâld dat yn in binnenwetter leit. Net in alledeiske lokaasje foar in sylwedstriid.
De organisaasje leit yn hannen fan Koninklijke Watersportvereniging Sneek en it organisaasjekomitee fan de eardere Nacht en Ontijrace.
Sa seach de bysûndere race derút:
Silers fan de Windmillcup giene dwers troch Wynpark Fryslân
"We waren eerst wat terughoudend, maar uiteindelijk zijn we heel blij dat we het gedaan hebben", seit Peter Aukema fan de organisaasje. "De openingsavond was fantastisch. Meer dan 600 man, een leuke muziekband en alleen maar positiviteit. Het enthousiasme werkt aanstekelijk."

Wat weromdwaan

Sylboaten en wynmûnen meitsje beiden gebrûk fan de wyn, seit er. "Er is nogal wat te doen geweest over het park. Het is daarom voor ons als organisatie erg leuk om een verbinding te maken tussen het windmolenpark en zeilers. Vanuit het Windpark wilde men juist iets terugdoen voor de zeilvaart. Dus toen wij met dit idee kwamen, waren ze zeer enthousiast."
Der is in krúsrak fan sa'n 10 kilometer troch it park hinne lein. "Het is prachtig om te zien hoe die jachten door het park heen varen", seit Aukema sneon. "Er staat een strakke windkracht vijf op het IJsselmeer. De omstandigheden zijn fantastisch."
Aukema wie benijd nei de ûnderfiningen fan de silers. "In het park ga je andere omstandigheden hebben dan in een vrije situatie. We gaan het meemaken."