Sportklup Hearrenfean ferjit kânsen ôf te meitsjen tsjin NEC en moat it dwaan mei in punt

Patrik Wålemark ferliest in kopduel © ANP
Nei fiif ferliespartijen op rige hat sc Hearrenfean lang om let wer ris in resultaat helle. De thúswedstriid tsjin NEC einige yn 1-1. Hearrenfean wie de bettere ploech, mar ferjitte yn de earste helte de kânsen ôf te meitsjen.
Hearrenfean begûn mei ien nije spiler yn de basisopstelling yn ferliking mei de wedstriid fan ferline wike tsjin FC Twente (1-0 ferlies). Denzel Hall stie op it plak fan de blessearre Hussein Ali.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Hall, Van Beek, Bochniewicz, Köhlert; Haye, Olsson, Brouwers; Wåalemark, Van Amersfoort en Sahraoui.
Hearrenfean begûn goed oan de wedstriid. Pelle van Amersfoort wie yn de fjirde minút al tichteby mei in skot, mar dy ynset waard noch keard troch NEC-doelman Robin Roefs.
In minút letter wie de doelman wol ferslein doe't hy in rebound tastean moast op in skot fan Osame Sahraoui. Patrik Wålemark profitearre en makke syn earste yn Fryske tsjinst: 1-0.

Hearrenfean ferjit út te rinnen

De ploech fan Van Wonderen bleau ek nei it doelpunt sterker en Sahraoui wie sels tichteby de 2-0, mar it skot fan de Noar gie deun oer.
De kâns dy't Van Amersfoort efkes letter krige, wie noch grutter. Hy waard frijspile yn it strafskopgebiet en koe allinnich op Roefs ôf, mar de doelman hold de bal mei de foet út de goal.
Thom Haye yn duel mei Magnus Mattsson © ANP
Healwei de earste helte liet NEC pas foar it earst wat sjen: Rober González krige de bal oanspile en helle hurd út. Hearrenfeandoelman Andries Noppert wist de ynset lykwols te kearen.

Dost docht âlde klup sear

Hearrenfean like de wedstriid ûnder kontrôle te hawwen, mar krekt foar it skoft waard it dochs 1-1. Sontje Hansen krige de bal en krúske foar Pawel Bochniewicz del. It skot fan Hansen koe noch keard wurde troch Noppert, mar de bal bedarre foar de fuotten fan Bas Dost. Dy twivele net en skeat raak.
Dost spile twa seizoenen foar Hearrenfean en skoarde dêryn 45 kear, mar no die hy syn âlde klup dus sear.
Bas Dost is bliid mei de 1-1 © Martin de Jong Fotografie
Nei it skoft foel der net in soad te belibjen. Hearrenfean wie folle minder yn steat kânsen te kreëarjen en NEC fielde dat it yn de wedstriid groeide.

Gjin doelpunten mear

Pas yn de 73e minút wie Hearrenfean wer ris tichteby. Sahraoui waard de djipte yn stjoerd en koe úthelje, mar de bal ferdwûn krekt njonken de goal.
Mei Ion Nicolaescu as frisse krêft yn de spits besocht Hearrenfean noch it uterste om in oerwinning ôf te twingjen, mar de winnende goal foel net mear.
Troch dit resultaat hat Hearrenfean no sân punten út acht wedstriden. De Friezen steane dêrmei foarearst tolfde, mar de measte ploegen moatte dit wykein noch yn aksje komme.